Angelsaksysk model

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Angelsaksysk model of Angelsaksysk kapitalisme is in maatskiplik systeem dat benammen yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten brûkt wurdt. Skaaimerken fan dat systeem binne ûnder oaren lege belestingen en in lytse publike sektor. De bestjoerlike tsjinstferliening is navenant lyts en de oerheid spilet bygelyks op it mêd fan sûnens en ûnderwiis in beskieden rol. De oerheid lit ek de ûndernimmers safolle mooglik frij; de ynfloed fan de oerheid op salarissen en de arbeidsmerk is (tige) lyts. De útkearingen wurde meastal foar in koarte perioade útkeard en wa't in útkearing krije wol, moat oan in soad betingsten foldwaan.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]