Ane Brun

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ane Brun (2008)
Ane Brun, Le Cargo interview, 2008.jpg

Ane Brunvoll ( 10 maart 1976 ), better bekend as Ane Brun is in sjongster/songwriter, hikke en tein yn Molde, Noarwegen. Hja wennet sûnt 2000 yn Stockholm, Sweden. Se is mei-behearster fan in platelabel, neamd DetErMine Records ("it binne myn opnames").

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Brun begûn har muzikale karriêre frij let. Doe't se 21 jier waard krige se ynteresse in de akoestyske gitaar. Yn 1998 die se har earste, lytsskealige optredens, op de strjitten fan San Sebastian en Barselona. In jier letter is Brun weromgien nei Noarwegen, diskear nei it plak Bergen. Dêr hat se in soad fan har eigen muzyk komposysjes skreaun. Koart dêrnei is se sjongeres wurden fan de lokale band neamd Damsels in Distress.

Yn 2000 ferhuze Brun nei Stockholm, om dêr nei mear muzikaal súkses te sykjen en omdat har freon dêr wenne. Nei in oantal jierren live-optredens dien te hawwen yn Noarwegen en Sweden hat Brun har earste studio-album útbrocht yn Skandinaavje, ein maaie 2003, neamd Spending Time with Morgan. Yn de simmer fan dat jier waard it album ek yn ferskate lannen yn Europa útbrocht. Yn Amearika waard it koart dêrnei ek útbrocht, op V2 Records.

Se hat gearwurke mei ferskate artysten, lykas popgroep A-ha, Ron Sexsmith, Madrugada, Teitur Lassen en de elektro-jazz band Koop.

Yn 2010 tourde Brun as eftergrûnsjongster mei Peter Gabriel. Yn 2011 trede se op by de betinkingsgearkomst nei de moardpartij troch Breivik op it eilantsje Utøya, dêr't 86 deaden foelen.

Diskografy[bewurkje seksje | edit source]

Albums[bewurkje seksje | edit source]

  • 2011 - It all starts with one
  • 2009 - Live at Stockholm Concert Hall (Livealbum)
  • 2008 - Sketches
  • 2008 - Changing of the seasons
  • 2007 - Live in Scandinavia (Livealbum)
  • 2005 - Duets
  • 2005 - A temporary dive
  • 2004 - My lover will go ( ep )
  • 2003 - Spending time with morgan
  • 2001 - Wooden body (ep)

Singles[bewurkje seksje | edit source]

  • It all starts with one (2011)
  • Do you remember (2011)
  • To let myself go (2009)
  • True colors (2008)
  • Big in Japan (2008)
  • Headphone silence (2008)
  • Balloon ranger (2006)
  • Rubber & soul (2006, mei Teitur Lassen)
  • L:ift me (2005, mei Madrugada)
  • Song no. 6 (2005)
  • I shot my heart (2004)
  • Humming one of your songs (2003)
  • Are they saying goodbye (2003)

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: