Andreas Schelfhout

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Andreas Schelfhout (De Haach, 16 febrewaris 1787 – dêre, 19 april 1870) wie in Nederlânsk lânskipsskilder, etser en litograaf. Schelfhout wie de soan fan de Gintske listemakker en fergulder Jean-Baptiste Schelfaut, dy't him yn 1788 yn De Haach nei wenjen sette.

Schelfhout heart ta de romantyk en wurdt beskôge as foarrinner fan de Haachske Skoalle. Syn wurkstyl is ynjûn troch dy fan Meindert Hobbema en Jakob van Ruisdael. Foaral syn winterlânskippen mei reedriders wiene al by syn libben ferneamd.

Yn De Haach krige Schelfhout les fan Joannes Breckenheijmer, dy't toanieldekorateur by de Haachske Skouburch wie. Yn 1811 die Schelfhout mei trije lytse wurken mei oan in útstalling en krige er omtinken fan it gruttere publyk.

Schelfhout wie de learmaster fan Johan Jongkind, Johan Hendrik Weissenbruch, Jan Willem van Borselen, Charles Leickert, Lodewijk Johannes Kleijn, Nicolaas Johannes Roosenboom en syn skoansoan Wijnand Nuyen.

[bewurkje seksje] Priuwke fan syn wurk


[bewurkje seksje] Keppelings om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen