Andersen's Folksforhalen en Mearkes

Ut Wikipedy
Andersen's Folksforhalen en Mearkes
De omslach fan Andersen's Folksforhalen en Mearkes (earste útjefte út 1943).
De omslach fan Andersen's Folksforhalen en Mearkes (earste útjefte út 1943).
algemiene gegevens
oarspr. titel (yn it Deensk net yn dizze foarm útjûn)
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm ferhalebondel
sjenre mearkes
1e publikaasje 1835-1861
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Andersen's Folksforhalen
   en Mearkes
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

Andersen's Folksforhalen en Mearkes is in samling mearkes fan 'e njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer Hans Christian Andersen yn in Fryske oersetting fan Douwe Tamminga. It boekje, mei tekenings fan Lies Veenhoven, waard yn 1943 útjûn as ûnderdiel fan 'e Rige Sier en Sied fen Fryske kinst en stúdzje, troch Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers te Assen (oprjochte te Snits yn 1800).

Yn syn Foarwird jout Tamminga oan dat it net in oersetting is fan in besteande Deensktalige mearkebondel, mar in op eigen manneboet byinoarsochte samling. "Sechstjin fen hwet wy syn bêste en for ús doel gaedlikste mearkes en forhalen achten, hawwe wy hjir sa deun mûglik oan it Deenske origineel oerset. [...] Dat èn jong èn âld der wille en genot fen hawwe mei, lyk as de oersetter dat fortalenderwize al hie."

Mearkes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Foar it doel fan dit artikel binne de ûndersteande nammen omset nei de hjoeddeiske stavering. De folchoarder is deselde as yn it boek.)

Yn 1946 ferskynde der by deselde útjouwerij ûnder deselde titel in twadde printinge. Krapoan fjirtich jier letter, yn 1984, ferskynde der fan dit boekje by de Afûk te Ljouwert in nije, 138 siden tellende útjefte, ûnder de titel Folksferhalen en Mearkes, mei yllústraasjes troch Svend Otto Sørensen. Fierders is der fan Andersen yn 1985 in bondeltsje mearkes yn it Noardfrysk ferskynd by it Nordfriisk Instituut, te Bräist. Oersetter V. Tams Jörgensen fersoarge trije ôfsûnderlike útjeften, wêrby't er tsien fan Andersen syn bekendste mearkes fertaalde yn it Feringer Noardfrysk (Tjiin Teelen), it Sölringer Noardfrysk (Tiin Tialen) en it Mooringer Noardfrysk (Tiin Tääle).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes (oers. Douwe Tamminga), Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN.
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes (oers. Douwe Tamminga), Assen, 1946 (2de printinge; Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN.
  • Andersen, Hans Christian, Folksferhalen en Mearkes (oers. Douwe Tamminga), Ljouwert, 1984 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 429.
  • Andersen, Hans Christian, Tjiin Teelen (oers. V. Tams Jörgensen), Bräist, 1985 (Nordfriisk Instituut), ISBN 3 88 00 70 822.
  • Andersen, Hans Christian, Tiin Tialen (oers. V. Tams Jörgensen), Bräist, 1985 (Nordfriisk Instituut), ISBN 3 88 00 70 911.
  • Andersen, Hans Christian, Tiin Tääle (oers. V. Tams Jörgensen), Bräist, 1985 (Nordfriisk Instituut), ISBN 3 88 00 70 849.