Anders Zorn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Selsportret fan Anders Zorn (1896)
Zorngården, bûtenpleats fan Anders en Emma

Anders Leonard Zorn (18 febrewaris 186020 augustus 1920) wie ien fan Sweden's meast foaroansteande keunstners, dy't ynternasjonaal súksesfol wie as skilder, byldhouwer, litograaf en etser.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Zorn waard berne yn it doarp Yvraden, yn Mora, provinsje Dalarna. Hy waard grutbrocht op de buorkerij fan pake en beppe yn Yvraden en gie nei de legere skoalle yn Morastrand; dêrnei gie er yn de hjerst fan 1872 nei in middelbere skoalle yn Enköping.

Hy studearre oan de Keninklike Sweedske Akademy foar Keunsten yn Stockholm, fan 1875-1880. Zorn makke in soad reizen nei Londen, Parys, de Balkan, Spanje, Itaalje en de Feriene Steaten, krige ynternasjonaal súkses en waard de meast frege skilder fan syn tiid. Syn iere wurk wiene faak heldere akwarellen, mar al yn 1887 wie er wisberet oergien op oaljeferveskilderijen. Zorn makke portretten, skilderijen oer it plattelânslibben en de gewoantes dêre. Zorn is ek ferneamd wurden troch syn neakens en de realistyske, libbene ôfbylding fan wetter (weagen).

It wie yn it foarste plak syn betûftens as portretskilder dêr't er faak, ynternasjonaal, om frege waard; hy ferstie de keunst om it yndividuele karakter fan de portrettearde stal te jaan. Syn ûnderwerpen wienen trije Amerikaanske presidinten by, ûnder oaren Grover Cleveland yn 1899. Mei 29 jier waard Zorn ridder fan it Légion d'honneur by gelegenheid fan de Wrâldtentoanstelling yn 1889 te Parys.[1]

Kolleksje[bewurkje seksje | edit source]

Zorn rekke tige begoedige en boude in mânske samling keunst op. Hy kocht op syn bûtenlânske reizen. Anders en Emma Zorn hawwe yn harren testamint harren hiele besit oan de Sweedske steat dien.

Wichtich wurk is te sjen yn it Nasjonaal Museum fan Skoandere Keunsten yn Stockholm. Oare museums dy't keunst fan Zorn op'e noed hawwe binne Musée d'Orsay yn Parys en it Metropolitan Museum of Art yn New York. De Zorn Samlings (Sweedsk:Zornsamlingarnain) yn Mora, is in museum hielendal wijd oan it wurk fan Anders Zorn. It waard ûntwurpen troch Ragnar Östberg en iepene yn 1939.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Anders Zorn Anders Zorn (Artist in the Picture)http://www.artinthepicture.com/artists/Anders_Zorn/Biografy/