Anchorage
| Anchorage | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 291.826 (2010) | |
| Oerflak | km² | |
| Befolkingstichtens | 66,4 / km² | |
| Stêdekloft | 374.553 | |
| Hichte | 31 m | |
| Polityk | ||
| Lân | Feriene Steaten | |
| Steat | Alaska | |
| Oar | ||
| Stifting | 1915 | |
| Tiidsône | AKST (UTC-9) | |
| *Simmertiid | AKDT (UTC-8) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | Webside gemeente Anchorage | |
Anchorage (Ingelsk foar "ankerplak") is in stêd yn de Amerikaanske steat Alaska. De stêd leit oan de Cook Inlet. Wat oerflak en ynwennertal oanbelanget is it fierwei de grutste stêd fan Alaska, dêr't sa'n 40 % fan de steatsbefolking wennet. Anchorage is lykwols net de haadstêd fan Alaska: dat is Juneau, dat 1000 km eastliker leit.
Anchorage waard stifte yn 1915 as haadkertier fan de Alaska Railroad. Op 27 maart 1964 feroarsake in swiere ierdskodding grutte fernielings yn de stêd. No is Anchorage part fan in mânsk yndustrygebiet en it is teffens in definsjesintrum fan belang. As arsjitektoanysk wichtichste gebou fan de stêd jildt it stedssikehûs ú 1924, in ûntwerp fan Frank Lloyd Wright, mei syn fraaie Art Deko-ûntfangsthal.
Yn Anchorage is alle jierren de start fan de Iditarod.
Angorage is te berikken fia de Ynternasjonale lofthaven Ted Stevens Anchorage (ANC).
Klimaat[bewurkje seksje]
Troch har lizzing oan see is it klimaat yn Anchorage in stik mylder as yn it ynlân fan Alaska. De trochsneed jiertemperatuer is sa'n bytsje gelyk oan dy fan de Sweedske haadstêd Stockholm.
Yndustry[bewurkje seksje]
Yn de jierren 50 fan de 20e ieu waard der oalje fûn yn de omkriten fan de Cook Inlet. De oalje-yndustry makke opgong en nei de ierdgasfynsten fan 1968 is de befolking fan de stêd ferfjouwerfâldige.
-
De ierdskodding fan 1964 ferwoastge grutte parten fan Anchorage
Keppeling om utens[bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anchorage fan Wikimedia Commons. |