Amerikaanske otters

Ut Wikipedy
Amerikaanske otters
In pear rivierotters.
In pear rivierotters.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
ûnderfamylje: otters (Lutrinae)
skaai: Amerikaanske otters (Lontra)
Gray, 1843

De Amerikaanske otters (Latynske namme: Lontra) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e otters (Lutrinae).Ta dit skaai hearre fjouwer soarten otters, ien út Noard-Amearika en trije út Midden- en Súd-Amearika.

De bekendste fan 'e fjouwer is rivierotter, dy't yn rûnom foarkomt yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Foarhinne waarden dizze soarten yndield by it skaai fan 'e fiskotters (Lutra), dêr't ek de gewoane otter ta heart, dy't yn Fryslân foarkomt. Nij genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de sibskip tusken de beide groepen net sa nei is as dat earder tocht waard, en sadwaande binne de Amerikaanske otters no ta in selsstannich skaai makke.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.