Amerikaansk read iikhoarntsje

Ut Wikipedy
Amerikaansk read iikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus)
soarte
Tamiasciurus hudsonicus
Erxleben, 1777
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It Amerikaanske reade iikhoarntsje (Latynske namme: Tamiasciurus hudsonicus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e Noardamerikaanske reade iikhoarntsjes (Tamiasciurus), dat foarkomt yn in grut part fan Noard-Amearika. Dit bist wurdt pleatslik ek wol it dinne-iikhoarntsje (pine squirrel), de chickaree of de fairydiddle neamd. It Amerikaanske reade iikhoarntsje moat net betizze wurde mei it (gewoane) iikhoarntsje dat ek yn Fryslân foarkomt, en dat ek wol it (Jeropeeske of Jeraziatyske) reade iikhoarntsje neamd wurdt. De wittenskiplike soartenamme hudsonicus ferwiist nei de Hudsonbaai, dêr't it Amerikaanske reade iikhoarntsje yn 1771 foar it earst de soölooch Johann Christian Polycarp Erxleben ûnder eagen kaam.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske reade iikhoarntsje komt foar yn in grut diel fan Noard-Amearika. Yn Kanada libbet er yn it grutste part fan it lân, útsein it Arktyske noarden en de eilannen Nijfûnlân, Kaap Bretoneilân, Prins Edwardeilân, de Magdalena-eilannen en Anticosti oan 'e eastkust en de Keninginne Sjarlotte-arsjipel oan 'e westkust. Teffens ûntbrekt er yn súdlik Alberta en yn 'e omkriten fan 'e stêd Vancouver, yn it súdwesten fan Britsk-Kolumbia. Yn 'e Feriene Steaten komt it Amerikaanske reade iikhoarntsje foar yn in grut diel fan 'e Rocky Mountains en de Grutte Dobbe, fan 'e Kanadeeske grins oant yn Arizona, mar hy ûntbrekt oan 'e westkust en op it grutste diel fan 'e Grutte Flakten. Wol komt er wer foar yn 'e krite fan 'e Grutte Marren, Nij-Ingelân, it legere noardeasten en yn 'e Appalachen oant yn Georgia.

In Amerikaansk read iikhoarntsje as túnornamint?

Amerikaanske reade iikhoarntsjes komme ek op ferskate plakken yn Jeropa foar as eksoat. Hjirby giet it wierskynlik om ûntsnapte eksimplaren út dieretunen of priveekolleksjes. Wierskynlik hat der him lykwols noch gjin fuortplantingspopulaasje fêstige. Yn Nederlân binne Amerikaanske reade iikhoarntsjes op ferskate plakken synjalearre, wêrûnder eastlik fan Arnhim, op it Waadeilân Teksel en op 'e Peel. Yn Fryslân hawwe der twa waarnimmings west yn Gaasterlân en ien by Dronryp. Yn 2018 wiene der fierders teminsten fjouwer Amerikaanske reade iikhoarntsjes yn 'e Ljouwerter Bosk, hoewol't der nei ferrin fan tiid noch mar ien waarnommen waard. De Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO), waard yn july fan dat jier foar de rjochter dage troch it Platfoarm Stopje Ynvasive Eksoaten, om 'e oerheid te twingen en fang de bisten út 'e Ljouwerter Bosk wei.[1] Op 21 augustus 2018 die de rjochter útspraak dat it lêste Amerikaanske reade iikhoarntsje, dat fan fans de namme 'Boefke' krigen hie, yn 'e Ljouwerter Bosk bliuwe mocht, om't er mar "beheinde aksjeradius" hie en him allinnich net fuortplantsje koe.[2]

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske reade iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16½-23 sm, mei in sturtlingte fan 9-16 sm en in gewicht fan 140-310 g. Hy is lytser as de oare beambewenjende iikhoarntsjes dy't yn Noard-Amearika foarkomme en hat in opfallende tekening, mei in readbrune rêch en in wite bealch, dy't faninoar skaat wurde troch in skerpe demarkaasjeline. De sturt hat krekt as by oare beambewenjende iikhoarntsjes de foarm fan in plomsturt, en wurdt û.m. brûkt om it lykwicht te hâlden by it klimmen en draven yn 'e beammen en as roer by it springen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske reade iikhoarntsjes binne fanwegen harren dieet fan konifearesied sterk bûn oan it foarkommen fan nullebeammen. Sadwaande libje se fral yn nullewâlden en wurdt harren ferspriedingsgebiet mear beheind troch de noard- en súdgrins fan 'e taigasône as troch klimatologyske faktoaren. Inkeld oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten ûntbrekke se yn 'e nullewâlden, mei't dy dêr it domein binne fan it nau besibbe douglasiikhoarntsje (Tamiasciurus douglasii). Resint liket it Amerikaanske reade iikhoarntsje syn areaal ek út te wreidzjen nei mingde wâlden dy't foar it meastepart út leafbeammen besteane.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske reade iikhoarntsje is inkeld oerdeis aktyf en hat in eksklusyf territoarium, dat er it hiele jier rûn fûleindich ferdigenet tsjin soartgenoaten, mei as iennichste útsûndering de peartiid. Hy makket syn nêst fan gers heech yn 'e beammen of soms yn holtes yn 'e stammen fan spjirren, popelieren of nutebeammen. Nêsten op 'e grûn binne tige seldsum. Elts eksimplaar ûnderhâldt ferskate nêsten yn syn territoarium, en wyfkes mei jongen ferhúzje dy geregeldwei fan it iene nei it oare nêst. Der binne in pear gefallen bekend fan Amerikaanske reade iikhoarntsjes dy't har nêst makken yn minsklike wenten en dêrby isolaasjemateriaal brûkten om it nêst te beklaaien.

In Amerikaansk read iikhoarntsje ferkent syn om-en-by.

It wyfke fan it Amerikaanske reade iikhoarntsje is mar ien dei djoeisk, mar foarôfgeande dêroan bejout se har bûten har eigen territoarium, wat nei alle gedachten de mantsjes yn 'e omkriten fan har oansteande djoeiskens op 'e hichte stelt. Op 'e dei dat se djoeisk is, wurdt se neisitten troch ferskate mantsjes, dy't allegear besykje de konkurrinsje fuort te jeien. Dat slagget lykwols nea, en it wyfke pearet feitliks mei 4-16 ferskillende mantsjes, wat in frij opmerklik barren is yn 'e bistewrâld. (In mantsje dat mei mear as ien wyfke pearet komt withoefaak foar, mar in wyfke dat mei mear as ien mantsje pearet is folle seldsumer.) Nei in draachtiid fan 31-35 dagen smyt it wyfke dan in nêst fan 1-5 (mar meastal 3-4) jongen, dy't keal te wrâld komme, mei in gewicht fan sa'n 10 g. Dy ferlitte it nêst foar it earst as se 42 dagen of dêromtrint binne, wurde mei 70 dagen ôfwûn en binne mei 125 dagen folgroeid en selsstannich.

In swimmend Amerikaansk read iikhoarntsje.

De wyfkes kinne it jiers nei harren berte dielnimme oan 'e fuortplanting, mar guon wachtsje dêrmei oant se twa of trije jier binne. De measte wyfkes bringe mar ien nêst yn 't jier te wrâld, mar soms slane se in jier oer, wylst guon soms ek twa ferskillende nêsten jongen yn ien jier produsearje. Amerikaanske reade iikhoarntsjes hawwe trochinoar mar 22% kâns om it earste jier te oerlibjen. Dêrnei is de libbensferwachting lykwols trochinoar 2⅓ jier mei in maksimum fan 8 jier. Har wichtichste natuerlike fijannen binne de Kanadeeske lynks, reade lynks, prêrjewolf, Amerikaanske oehoe, (gewoane) hauk, readsturtmûzefalk, Amerikaanske krie, Amerikaanske marter, (gewoane) foks, grize foks, wolf en wezeling.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amerikaanske reade iikhoarntsjes frette benammentlik sieden fan nullebeammen, mar foegje op opportunistyske wize ek wol oare gaadlike saken oan har menu ta. Dêrûnder binne beamknoppen en -nullen, en fierders poddestuollen (wêrûnder guon dy't foar minsken deadlik giftich binne), skimmels en blêden fan 'e wylch, de popelier en de bearedrúf. Ek frette se inkeld wol fûgelaaien en sels wol jongen fan 'e Amerikaanske hazze. Fierwei it grutste part fan har fretten krije se lykwols út sieden dy't se út spjirre-apels helje. Dêrfan lizze se hjerstmis in foarrie oan op ien plak, dêr't se dan winterdeis op tarre. Om by it sied te kommen, moatte se de skobben fan 'e spjirre-apels ôfbrekke, en dy smite se dan op ien bulte, dy't in rúchskerne neamd wurdt, en dy't wol in meter yn trochsneed wurde kin.

In Amerikaansk read iikhoarntsje sil oan it miel.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske reade iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't syn populaasje stabyl liket te wêzen.

In Amerikaansk read iikhoarntsje fan foarren sjoen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 24 erkende ûndersoarten fan it Amerikaanske reade iikhoarntsje:

  • Bailey's read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus baileyi)
  • Dakotaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus dakotensis)
  • echt Amerikaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus hudsonicus)
  • Fremonts read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus fremonti)
  • Kenai-iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus kenaiensis)
  • Minnesotaansk read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus )
  • Mogolloniikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus mogollonensis)
  • Richardsons read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus richardsoni)
  • Saint Lawrence-iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus laurentianus)
  • súdlik read iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus dixiensis)
  • Tamiasciurus hudsonicus abieticola
  • Tamiasciurus hudsonicus gymnicus
  • Tamiasciurus hudsonicus grahamensis
  • Tamiasciurus hudsonicus lanuginosus
  • Tamiasciurus hudsonicus lychnuchus
  • Tamiasciurus hudsonicus loquax
  • Tamiasciurus hudsonicus pallescens
  • Tamiasciurus hudsonicus petulans
  • Tamiasciurus hudsonicus picatus
  • Tamiasciurus hudsonicus preblei
  • Tamiasciurus hudsonicus regalis
  • Tamiasciurus hudsonicus streatori
  • Tamiasciurus hudsonicus ventorum
  • Ungave-iikhoarntsje (Tamiasciurus hudsonicus ungavensis)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Haal eekhoorn uit Leeuwarder Bos", yn: de Ljouwerter Krante, 7 july 2018, s. 17.
  2. Schildkamp, Victor, Rechter: exotische eekhoorn Boefke mag blijven in Leeuwarder Bos, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2018, s. 31.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.