American Music Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De American Music Awards of AMA's binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier by in seremoanje yn Los Angeles útrikt wurde foar de bêste muzikale wurken fan it foargeande jier. Oant 2003 waarden se yn novimber fan itselde jier útrikt. De American Music Awards waarden yn 1973 kreëarre troch presintator en tillevyzjeprodusint Dick Clark (1929-2012) foar de stjoerder ABC, nei't dy de útrikkingsseremoanje fan 'e wichtichste Amerikaanske muzykprizen, de Grammy Awards, ferlern hie oan konkurrint CBS.

Oars as de Grammys, dy't tawiisd wurde op grûn fan in stimming ûnder de leden fan 'e Recording Academy út 'e muzykyndustry sels, wurde de winners fan 'e AMA's beslist troch in opinypeiling ûnder de muzykkeapers en it bredere publyk. De útrikkingsseremoanje is yn 'e hannen fan Dick Clark Productions, foar ABC. Dejinge dy't de measte AMA's ea wûn hat, is sjonger Michael Jackson, dy't der troch de jierren hinne 26 fan opgarre hat. De meast bekroande band is Alabama, mei 23, en de sjongster dy't it meast yn 'e prizen fallen is, is Whitney Houston, mei 22 AMA's. Der binne 22 kategoryen, mei as wichtichsten "artyst fan it jier" en "nije artyst fan it jier".

Kategoryen[bewurkje seksje | edit source]

  • artyst fan it jier
  • nije artyst fan it jier
  • favorite froulike pop/rock-artyst
  • favorite manlike pop/rock-artyst
  • favorite pop/rock-band/duo/groep
  • favorite pop/rock-album
  • favorite froulike country-artyst
  • favorite manlike country-artyst
  • favorite country-band/duo/groep
  • favorite country-album
  • favorite rap/hiphop-artyst
  • favorite rap/hiphop-album
  • favorite froulike soul/r&b-artyst
  • favorite manlike soul/r&b-artyst
  • favorite soul/r&b-album

Ophefte kategoryen binne:

  • favorite ynternasjonale artyst
  • favorite nije adult contemporary-artyst
  • favorite adult contemporary-album
  • ûnthjit (merit)
  • earepriis

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.