Amen (buorskip)
Amen is in esdoarp mei ferspriede bewenning yn de gemeente Aa en Hunze (oant 1998 Rolde) ten súwesten fan Rolde en ten súdeasten fan Assen tusken it Amerfjild yn it westen en it Amerdjip (Deurzerdjip) yn it easten. Himelsbreed 2,5 km ten westen fan Amen leit de griengrûn Amerboschstuk, eartiids grinzjend oan it Amerfjild, no derfan skieden troch it Ekehaarderfjild.
Stroomôfwerts ± 6 km fierder noardwerts fan it doarp leit oan deselde beek Amelte, in streek ten easten fan Assen. Neffens D.P. Blok wiist dat derop, dat de wetterrin earder Aam of Ame hiet. Amen betsjut yn dat opsicht: delsetting oan de Aam. In oare opsje is, dat de n achter Ame-Aam ferklearre wurde kin út it efterheaksel -anna of -inna, dat benammen by wetternammen foarkomt. Yn 1473 hjitte de delsetting Ame, sûnt 1519 Amen. De âldste boaarne giet werom oant 944, doe't Amen twe hiemen telde. Yn de 13e ieu ûntstie de marke Amen; om 1300 hinne hienen Amen en Ekehaar tegearre fiif waardelen. De âldste regel foar it gebrûk fan de marke (willekeur) stamt út 1403.
Yn de 17e ieu telde Amen trije buorkerijen, yn 1807 fjouwer en yn 1832 fiif. Yn 1812 hie it doarp 37 ynwenners, yn 1947 144 en yn 1991 97. Yn 1819 krige Amen in skoalle, dy't by gebrek oan learlingen yn 1853 wer ôfbrutsen waard. Yn 1903 waard der it koöperative molkfabryk 'De Hoop' oprjochte, mar fanwege de ferfanging fan hân- troch stoomkrêft waard dizze yn 1913 al wer sluten.
Sûnt 1917 hat Amen in kafee, no bekend as 'De Amer'. Yn it doarp sit fierder it bijetyltmuseum 'De Bankörf'.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |