Ambrosius Gellius fan Hylckama

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Ambrosius Gellius fan Hylckama (De Jouwer, 1583 - It Hearrenfean, 20 maart 1650), wie krektas syn heit Jelle Broers Hylckama in Nederlânsk steatsman en jurist út de 17e ieu. Hy wie grytman fan Haskerlân en ek sekretaris fan de eardere gemeente Anjewier. Hy komt út in geslacht dat in soad grytmannen levere.

Ambrosius Gellius studearre krektas syn heit rjochten oan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy studearre ôf yn 1602 en waard postulant yn 1607. Hy waard dêrnei grytman fan Haskerlân (hy folge syn heit op) en op lettere leeftiid waard hy sekretaris fan Anjewier, It Hearrenfean. Hy ferhuze dêr ek hinne en troude mei Tjaertke Tjaerts fan Heloma, de widdo fan Matthys fan Oenema. Har bruorren hienen beide Grytman fan Anjewier west.

Ambrosius stoar op 67-jierrige leeftiid en liet trije soannen en in dochter nei.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Samme Zijlstra - Het geleerde Friesland, studenten ± 1380 - 1650
  • E.M. van Burmania - Naamlijst der heeren grietslieden en secretarissen in Vriesland (1785)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen