Ambrosius Bosschaert

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ambrosius Bosschaert the Elder (Dutch - Flower Still Life - Google Art Project.jpg

Ambrosius Bosschaert de Oude (Antwerpen, novimber 1573 - De Haach, 1621) wie in Nederlânsk keunstskilder fan blomstillibbens.

Leven[bewurkje seksje | edit source]

Koart nei 1587 ferhúze Bosschaert syn hûshâlding nei Middelburch yn Seelân om godstsjinstige redenen. Hy waard keunstskilder en keunsthanneler. Yn 1604 troude er. Yn Middelburch joech er ûnderrjocht oan syn sweager Balthasar van der Ast, dy't ek goed slagge as skilder fan blomstillibbens. Koarte tiid nei 1611 ferliet er Middelburch, libbe fan 1615 oant 1619 yn Utert en fêstige him úteinlik yn Breda. Hy stoar yn Den Haach doe't er dwaande wie mei it ôfleverjen fan in skilderij oan in tsjinstfeint fan prins Maurits. Syn soan Ambrosius Bosschaert de Jonge en syn twadde soan Johannes Bosschaert dienen letter itselde wurk as harren heit.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Bosschaert wie in pionier fan it skilderjen fan blomstillibbens, hy makke der in nij selstannich sjenre fan. De blommen waarden mei botanyske presisy wjerjûn. Sy komposysjes en kleurgebrûk binne yn in perfekt lykwicht. Van der Ast en Bosscheart's soan Ambrosius de Jonge skilderen ek yn dizze styl.

Galery[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Ambrosius Bosschaert the Elder en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.