Ambachtlik Fryslân

Ut Wikipedy

De feriening Ambachtlik Fryslân (Nederlânsk: Ambachtelijk Friesland) is in feriening, fêstige yn Steggerda, dy’t ambachtlik wurkjen ûnder de oandacht bringt. Neist it fergrutsjen fan de fakkennis meitsje se ek hânmakke autentike produkten.

De feriening waard yn 1985 oprjochte troch inkele ambachtsju en hie yn 2018 mear as fjirtich leden. De leden binne faak te sjen op merken, doarpsfeesten en eveneminten. Boppedat jouwe yndividuele leden ek wol lêzings en eksposysjes oer harren wurk. Der is in grut ferskaat oan ambachten, net allinnich âlde, mar ek hjoeddeiske ambachten.

List mei ambachten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bonkesnije
  • byldhouwe yn hout
  • byldhouwe yn stien
  • boekbine
  • boereskilderkeunst
  • breidzje
  • etse
  • finearje
  • filtsje
  • glêskralen brâne
  • houtfykje
  • Hylper skilderwurk
  • houtdraaie
  • ymkerje
  • keramyk
  • kearsen meitsje
  • klokmeitsje
  • kuorflechtsje
  • lear ferwurkje
  • opguldzje
  • porslein skilderje
  • portrettekenje
  • pottebakke
  • seilmeitsje en tugerij
  • siersmeie
  • spinne
  • stuollen matsje
  • sieraden yn kraleborduerwurk
  • teddybearen meitsje
  • tiffany glês-yn-lead
  • tinjitte
  • wylgeteannen flechtsje

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: