Amazon.com

Ut Wikipedy
Amazon.com
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type publyk
sektor ynternet
haadkertier Seattle (Washington)
oprjochte 1994
oprjochter Jeff Bezos
eigner oandielhâlders
sifers
omset $89 miljard (2014)
winst $178 miljoen (2014)
wearde $54,5 miljard (2014)
aktyf yn de hiele wrâld
wurknimmers >154.000 (des. 2014)
offisjele webside
www.amazon.com

Amazon.com, Inc. is in Amerikaansk bedriuw dat him taleit op e-commerce (de hannel oer it ynternet). It waard yn 1994 oprjochte en is fêstige yn Seattle, yn 'e steat Washington. Amazon begûn oarspronklik as in ynternetboekhannel, en de ferkeap fan boeken en byld- en lûdsdragers is noch altyd ien fan 'e wichtichste sektors foar it bedriuw. Lykwols hâldt it him tsjintwurdich ek mei oare saken dwaande. Amazon.com operearret yn 'e hiele wrâld, en hat him ûntjûn ta ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande ynternetûndernimmings ea.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amazon.com waard yn july 1994 oprjochte troch Jeff Bezos, dy't earder yn 'e Amerikaanske finansjele sektor op Wall Street wurke hie. It nije bedriuw operearre yn 't earstoan fanút de garaazje fan Bezos syn hûs yn Belleview. Earst droech it bedriuw de namme fan Cadabra.com, mar it waard al rillegau omneamd ta Amazon, om't Cadabra tefolle op "kadaver" liek, en Bezos in namme mei in A hawwe woe om yn alfabetyske listen boppe-oan te stean. Yn jannewaris 1995 gie de webside fan Amazon fan start, wêrnei't yn july fan dat jier it earste boek ferkocht waard.

Nei't er in ferslach lêzen hie wêryn't foarsein waard dat ynternethannel jierliks mei 2.300% groeie soe, hie Bezos in listke makke mei tweintich mooglike produkten dy't er fia Amazon oer it ynternet ferkeapje koe. Dêrûnder wiene cd's, kompjûters, software, VHS-fideo's en boeken. Hy keas úteinlik foar boeken, om't dêr wrâldwiid in net sêd te krijen fraach nei bestiet. Boppedat liek in ynternetboekhannel him in streekje foar te hawwen boppe gewoane boekwinkels, mei't in ynternetboekhannel in ûnbegrinzge oanbod biede kin om't in firtueel pakhûs ûnbegrinzge grut is (de wiere pakhuzen dêr't Amazon gebrûk fan makket, binne dy fan 'e eigentlike útjouwerijen fan 'e oanbeane boeken). Yn 'e earste pear moannen fan it bestean as boekhannel ferkocht Amazon.com al boeken oan klanten yn alle fyftich Amerikaanske steaten en dêropta yn 45 oare lannen. Binnen twa moannen waard der oant $20.000 oan boeken wyks ferkocht.

Amazon-oprjochter Jeff Bezos.

Yn 1997 gie Amazon nei de beurs, dêr't de oandielen lykwols mar dreech ferkocht waarden. Bezos syn bedriuwsmodel foarseach der nammentlik yn dat der pas yn it fjirde of fyfde jier fan it bestean fan Amazon.com winst makke wurde soe, en dat noaske de measte effektehannelers mar min. Lykwols oerlibbe it bedriuw de dot-comkrisis ridlik ûnskansearre, en waard úteinlik foar it earst winst útkeard oan 'e oandielhâlders yn it fjirde kwartaal fan 2001, ter grutte fan 1¢ per oandiel. Hoewol't dat fansels wol hiel beskieden wie, waard dêrmei wol bewiisd dat Bezos mei syn bedriuwsmodel gelyk hie. Yn 1999 wie Bezos trouwens troch Time Magazine al útroppen ta persoan fan it jier, fanwegen syn krewearjen foar it revolúsjonarisearjen fan online-winkeljen.

Nei syn begjin as ynternetboekhannel begûn Amazon syn oanbod al gau út te wreidzjen. Tsjintwurdich wurde sadwaande net inkeld boeken ferkocht, mar ek dvd's, cd's, fideo- en kompjûterspultsjes, software en oare kompjûternedichheden (lykas USB-kabels en sa), fideodownloads, elektroanika, húshâldlik guod, meubilêr, iten, klean, kosmetika, túnguod, húsdieren, muzykynstruminten, sportnedichheden, ark en reau, boartersguod, horloazjes en juwiellen. Teffens produsearret Amazon no sels konsuminte-elektroanika, wêrûnder e-readers fan it merk Kindle en tabletkompjûters, tillefyzjes en mobile tillefoans fan it merk Fire. Ek jout it bedriuw sûnt 2009 sels boeken út. Dêrnjonken hat Amazon him ûntjûn ta in wichige provider fan cloud-tsjinsten (foar de sintrale opslach fan digitale gegevens).

Amazon ûnderhâldt ferskillende webwinkelsiden op it ynternet, foar de Feriene Steaten (amazon.com), Austraalje (amazon.au), Brazylje (amazon.com.br), Dútslân (amazon.de), Frankryk (amazon.fr), Yndia (amazon.in), Japan (amazon.co.jp), Grut-Brittanje (amazon.co.uk), Itaalje (amazon.it), Kanada (amazon.ca), Meksiko (amazon.com.mx), Nederlân (amazon.nl), Sina (amazon.cn) en Spanje (amazon.es). Dêrnjonken binne der plannen om ek yn Poalen en Sweden in eigen webside op te setten. Yn 2008 waard de webside www.amazon.com allinnich al 615 miljoen kear besocht. Yn 2014 kaam 63% fan alle boeken dy't oer it ynternet ferkocht waarden, by Amazon wei, wylst 40% fan alle boeken dêr kocht waarden.

Difyzjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eardere haadkertier fan Amazon.com yn Seattle.

Skandalen en krityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt syn ûntstean hat Amazon allegeduerigen krityk krigen om't it klanten by de "echte" bakstien-en-flierbedekking-boekhannels weilokje soe. Yn 1997 waard Amazon.com foar de rjochter dage troch de Amerikaanske boekhannel Barnes & Noble, dy't úthold dat de bewearing fan Amazon dat it "wrâlds grutste boekhannel" wie, klearbare bedragerij wie. Barnes & Nobles liet in ferklearring útgean wêryn't steld waard: "[Amazon] is hielendal gjin boekhannel. It is in boekmakelerdij." De saak waard úteinlik bûten de rjochter om skikt, wêrnei't Amazon trochgie mei it publisearjen fan 'e bewearing dy't by Barnes & Noble oanstjit jûn hie. Bykommende beskuldigings op dit mêd oan it adres fan Amazon hawwe fral te krijen hân mei it út 'e merk drukken fan lytse boekhannels troch boeken ûnder de kostpriis te ferkeapjen.

Oare krityk op Amazon gie ûnder mear oer it brûken fan privee-gegevens fan lêzers en it op ôfstân wiskjen fan e-boeken fia Amazon Kindle e-readers; de rang dy't Amazon tawiisde fan boeken skreaun troch homo's en lesbiënnes of mei ynhâld oer de homomienskip (dy't de homomienskip yn 'e Feriene Steaten as diskriminaasje beskôge); en de ferkeap fan wurken wêrfan't de ynhâld kwealaster befette of oansette ta it hâlden fan hûnegefjochten, hoannegefjochten of it praktisearjen fan pedofily.

Ien fan 'e wichtichste skandalen gie oer de behanneling fan it personeel yn 'e pakhuzen, dat bgl. yn 2011 yn Breinigsville syn wurk dwaan moast by in temperatuer fan 38° C, wêrby't it management net woe dat de pakhúsdoarren iepenset waarden om't men bang wie foar dieverij. Ferskate meiwurkers wiene ûnder dy omstannichheden fan 'e hjittens net goed wurden. Doe't dat bekend waard, wie de earste reäksje fan 'e direksje fan Amazon om in ambulânse klear te setten om sokke wurknimmers ôf te fieren. Ferskate oare gefallen fan minne behanneling en/of yntimidaasje fan pakhûsmeiwurkers kamen neitiid oan it ljocht, en teffens die Amazon.com war om it wurk fan fakbûnen ûnmooglik te meitsjen en fakbûnsleden safier te krijen dat se út harsels ûntslach namen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.