Altona
Ut Wikipedy
| Altona | ||
| Stedhûs mei monumint foar ferdwûne joaden | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 243.972 (2006) | |
| Oerflak | 77,5 km² | |
| Befolkingstichtens | 3.148 / km² | |
| Polityk | ||
| Lân | Dútslân | |
| Dielsteat | Hamburch | |
| Oar | ||
| Stifting | 1535 | |
| Tiidsône | CET/CEST (UTC+1/+2) | |
| Koördinaten | ||
| Webside | www.hamburg.de/altona | |
Altona is it westlike distrikt fan de stêd Hamburch yn Dútslân oan de rjochterouwer fan de Elbe. It hat in lytse 250.000 ynwenners (2006).
Ut de skiednis [bewurkje seksje]
Altona waard stifte yn 1535 as fiskersdoarp. Yn 1664 krige it stedsrjochten fan Freark III fan Denemark. Oant 1864 wie Altona ien fan de wichtichste Deenske havenstêden. It earste Deenske spoar, fan Altona nei Kiel waard iepene yn 1844.
Yn 1867 waard Altona diel fan Prusen.
Yn 1938 waard it opnomd yn de stêd Hamburch. It makket noch altiten diel út fan dizze hânzestêd dy't ek in eigen dielsteat foarmet. De namme komt boppedat noch foar yn it treinstasjon Hamburg-Altona.