Altfioele

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kontra

De altfioele is in strutsen snaarynstrumint. De alt is wat grutter as de fioele en hat ek fjouwer snaren, stimd as C-G-D-A. De altfioele hat in nijsgjirrige rol yn in ensemble of orkest. Soms spilet de altfioelist:

  • in stypjende stim, om de harmoanyske opbou folslein te meitsjen, wêrby't er net te lûd spylje mei;
  • in basstim, bygelyks as de sello in meldij spilet; dy basstim moat goed te hearren wêze;
  • in twadde stim tsjin de earste fioele of sello oan - ek dan moat de alt goed te hearren wêze;
  • in solo-ein.

Altisten moatte harren partij goed analisearje en witte yn hokker eintsjes se hokker rol ha.

De formanten en de resonânsje troch de klankkast fan in altfioele lizze sawat in terts te heech foar syn stimming. Dêrtroch klinkt de alt altyd wat omfloerster as de gruttere of lytsere broer, de fioele resp. sello, dy't in bettere oanpassing fan har resonânsjepiken hawwe. Eins soe in altfioele grutter wêze moatte, mar dan is er net mear mei de earm te bespyljen. Der is as probearsel alris in gruttere altfioele boud, en de bespiler hat leard dy op 'e knibbel te bespyljen. Sa'n alt klonk wol sterker, mar de tipyske altklank waard mist en dus is it gjin súkses wurden. De grutte Italjaanske fioelebouwers út de 18e ieu, lykas Stradivarius, Amati, Carlo Giuseppe Testore en Gasparo da Salo, bouden ek altfioelen.

Ferskate komponisten lykas Bach, Mozart, Felix Mendelssohn, en benammen Antonín Dvořák spilen sels graach altfioel. Oaren, lykas Beethoven, diene it in hoartsje as bybaantsje om troch de tiid te kommen.

Yn Hongaarske muzyk en Roemeenske muzyk wurdt in spesjale altfioele brûkt (no kontra neamd, of bratch, krekt as it Dútske Bratsche ôflaat fan it Italjaanske Viola da Braccia oftewol earmfioel), meast útfierd mei flakke kaam en trije snaren (gauris stimd as G-d-A) sadat akkoardspyljen mooglik wurdt; hjir hat de alt allinnich ritmysk/harmoanysk in funksje; meldijspyljen is sa goed as ûnmooglik. Itselde bard yn de sigeunermuzyk dy't sterk oan de twa neamde muzyksoarten besibbe is.

Repertoire[bewurkje seksje | edit source]

As solo-ynstrumint koe de altfioele hiel lang mar komselden op de foargrûn komme. Yn de barok is bygelyks in slim bytsje altfioelmuzyk skreaun. Der binne út dy tiid inkelde konserto's fan ûnder oare Georg Philipp Telemann, Georg Benda, Vivaldi en Bach (Brandenburgs concerto nr.6).

Yn de klassike perioade is de rispinge wat grutter: leden fan de komponistefamylje Stamitz, Hoffmeister, Dittersdorf, Michael Haydn, Vanhal, Rolla... Mozart joegen de altfioel syn ferneamde Kegelstatt-trio (KV 498) en yn de Sinfonia concertante (KV 364) foar fioel en altfioel in prominint plak.

De altfioel waard fierder ûntdutsen yn de 19e ieu. Carl Maria von Weber en Johann Nepomuk Hummel skreaune konsertante muzyk foar altfioele. Niccolò Paganini frege Hector Berlioz om in altfioelkonsert, mar it resultaat, Harold en Itaalje, is mear in symfony mei in fikse rol foar de altfioele. Brahms joech de altfioele nei wat wifkjen de rol fan alternatyf ynstrumint yn syn twa sonates foar klarinet en piano, opus 120. It entûsjasme dêroer fan de fioelist Joseph Joachim oertsjûge him lykwols fan de wearde fan dy ferzje. Max Bruch en Robert Schumann skreaune ferskate wurken mei in solorol foar de altfioele, gauris yn kombinaasje mei klarinet. De timbres fan dy twa ynstruminten minge nammers o sa goed. Ek de altfioelmuzyk fan de Belgyske komponist Henri Vieuxtemps is it neamen wurdich.

Grutte 20e-ieuske altfioelliteratuer skreaune Paul Hindemith, Benjamin Britten, Darius Milhaud, Max Reger, Bohuslav Martinu, Dmitri Sjostakovitsj en Béla Bartók. Yn de 20e ieu spilen firtuoazen as Paul Hindemith, Lionel Tertis en Lilian Fuchs op dit ynstrumint in grutte rol foar it bekend wurden sa't it altfioelrepertoire dat hjoed de dei (2007) is. Ek de Ingelske altfioelist William Primrose hat komponisten oanset ta it skriuwen fan nije stikken, bygelyks de konserto's fan William Walton en Béla Bartók.

Yn de twadde helte fan de 20e ieu skreaune ûnder oaren György Kurtág, Krzysztof Penderecki, Giya Kancheli, Alfred Schnittke en Peter Eötvös prachtige altfioelkonserten en oare sololiteratuer foar it ynstrumint. De altfioele waard populêrder en krige de solisten dy't him takamen: Nobuko Imai, Yuri Bashmet, Kim Kashkashian, Tabea Zimmermann, Paul Silverthorne, Gérard Caussé, en in soad oaren. Ek topfioelisten as Nigel Kennedy, Maxim Vengerow, Pinchas Zukermann en Isabelle van Keulen spilen op de altfioele. Morton Feldman makke twa komposysjes foar it ynstrumint: The viola in my life 1 en 2.

It hat lang duorre ear't komponisten én altfioelisten de komplekse klank fan de altfioele leard hawwe te ek eksplorearjen. It ynstrumint hat beskate beheinings, lykas de tessituer dy't it dreger makket tsjin it orkest of sels in goed op dreef wêzende fleugelpiano oan te kinnen. Dat der gjin standertôfmjittings foar de altfioele binne, liedt boppedat ta in folle yndividuelere klank foar elk ynstrumint: dan mear alt dan mear tonoar, mear of minder nasaal, melangoalysk, donker, sânich of sangerich, ... Fan de oare kant jout dy komplekse klank mei syn wikseljende stimmings in soad mooglkheden, en dat hat prachtige muzyk opsmiten.

Komposysjes foar altfioele en orkest[bewurkje seksje | edit source]

Stikken foar altfioele en orkest binne der net in soad. Der binne bygelyks folle mear piaono- en fioelkonserten. Dizze ûndersteande list fan (bekende) komposysjes foar altfioele en orkest is net folslein:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]