Altaimarmot

Ut Wikipedy
Altaimarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota baibacina
Kastschenko, 1899
IUCN-status: net bedrige

De Altaimarmot (Latynske namme: Marmota baibacina) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foar it earst wittenskiplik beskreaun waard yn 1899.

Dizze soarte komt foar yn it Altai-berchtme en de Tjensjan-bergen fan súdlik Sibearje, eastlik en súdeastlik Kazachstan, westlik Mongoalje en it noarden en westen fan 'e Sineeske autonome regio Sinkiang-Oeigoerje. Yn Mongoalje oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e Altaimarmot dat fan 'e besibbe tarbagan of Mongoalske marmot.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.