Alpinisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ofdaling fan de Aiguille du Midi - It begjin fan ferskate Alpinismetochten yn it Mont Blanc Massyf

Alpinisme is it beklimmen fan bergen en kin rotsklimme en iisklimmen ynhâlde. It alpinisme is gâns oars as it sportklimmen, it is net sasear de fysike útdaging dy't foldwaning jout, mar it berikken fan de top fan in berch. By it beklimmen fan sa 'n berch wurde meardere natuerlike hindernissen betwongen en beklommen. Dit finne rotswanden, iiswanden, gletsjers of gewoan grutte púnfjilden of alpengreiden wêze. Neist de wenstige klimtechniken binne hjirby ek kennis fan waarkunde, gletsjerkunde, reddingstechniken, oriïntaasje en in treflike kondyske needsaaklik. It is de meast avontoerlike foarm fan de klimsport dêrom ek wol de "keningsdissipline" neamd.

Yn de folksmûle wurdt lykwols de term Alpinisme ferkeard brûkt foar alles dat mei klimmen te krijen hat.

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Climbing en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.