Alpe d'Huez (finishplak)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oankomst op de Alpe d'Huez.

Alpe d'Huez is in skyoard yn de Frânske Alpen. It is foaral bekend wurden as oankomstplak fan in swiere berchetappe yn de Toer de Frâns mei oankomst op in hichte fan 1860 meter.

De Nederlânske hurdfytsers wienen eartiids wol gauris suksesfol op Alpe d'Huez. Fan de 25 oankomsten wienen acht kear de Nederlanners winner. Hennie Kuiper, Joop Zoetemelk en Peter Winnen wûnen de etappe sels twa kear. De lêste Nederlanner dy't wûn wie Gert-Jan Theunisse yn 1989.