Alpe d'HuZes

Ut Wikipedy

Stichting Alpe d'HuZes is in evenemint dat sûnt 2006 bestiet, wêrby't, allinnich of yn in groep, de Alpe d 'Huez minimaal seis kear beklommen wurde moat. It sponsorjild dat hjirmei ophelle wurdt giet nei de KWF kankerbestriding.

Fanôf 2006[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gert-Jan Theunisse, foar itt Stjerrefytsteam meidogger oan de Alpe d'HuZes 2011

Op 6 juny 2006 ha 66 hurdfytsers 6 kear de bekende alpekol Alpe d'Huez beklommen. Yn totaal ha se doe mear as 370.000 euro by elkoar fytst. Dit bedrach is hielendal nei de KWF kankerbestriding gien. It jier derop wie it bedrach trije kear sa folle mei mear as in miljoen euro. Dêrmei is dit evenemint ien fan de grutste partikuliere jildynsamlingaksjes foar de kankerbestriding. Op 5 juny 2008 ha der 100 yndividuele en 54 ploegen dielnommen oan de Alpe d'HuZes. Sei ha doe mei syn allen 3,6 miljoen byelkoar fyts.

It goeie doel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle jierren giet it folsleine bedrach nei in nij ûndersyksfûns fan de KWF kankerbestriding. Foar 2009 is it bedrach bestimd foar ûndersyk dêr't de langere termyn effekten fan kanker op in minske mei ûndersocht wurde. Se sjogge nei hoe't je libje kinne mei kanker en hoe't jo fierder libje kinne neidat jo genêzen binne fan kanker. Hjirfoar bestiet it plan in ûndersyksprogramma, A-CaRe neamd, te starten oan yn fan de Nederlânske universiteiten. Der binne op it stuit kontakten mei VUMC, it AMC, it NKI-AVL en it Roessingh Sintrum. Ek komt der fan 2009 ôf in heechlearaar dy't him dwaande hâlde sil mei dat program.

Ferwizings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]