Alois Alzheimer
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Alois Alzheimer (Marktbreit, 14 juny 1864 — Breslau, 19 desimber 1915) wie in Dútsk neuropatholooch en psychiater.
Alzheimer hat foar it earst 'presenile demintens beskreaun, letter de sykte fan Alzheimer neamd troch de psychiater Emil Kreapelin, mar hy die ek mikroskopysk ûndersyk nei oare syktes fan it senuwstelsel. Hy beskreau ûnder oaren feroarings yn it brein by arterioskleroaze en it ferlies fan senuwsellen by de sykte fan Huntington. Alzheimer ûndersocht fierder feroarings yn it brein by epilepsy. Hy fûn in wiidweidich ferlies fan senuwsellen yn de hippokampus, de saneamde Ammonshoarnskleroaze, by in grut tal pasjinten mei epilepsy. Al yn 1907 suggerearre er yn in lêzing dat it ferlies fan senuwsellen de sykte net feroarsake, dy't hy "de setten" neamde, mar troch de oanfallen feroarsake waard. Letter ûndersyk hat dit befêstige.
Alzheimer die syn ûndersyk faak yn gearwurking mei syn freon, de neurolooch Franz Nissle. Sy wurken yn itselde ferpleechhûs yn Frankfurt am Main - de Städtische Irrenanstalt.
Alzheimer wie de mei-stifter en mei-publisearder fan it medysk tydskrift Zeitschrift für die gesamte Neurologie und Psychiatrie, mar hat sels nea in boek skrean.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Wa hat it de namme jûn? - Alois Alzheimer
- Sykte fan Alzheimer: 100 jier letter
- Alois Alzheimer's Biografy, International Brain Research Organization
- Ludwig-Maximilians-University Munich, Laboratory for Neurodegenerative Disease Research - Prof. Dr. Christian Haass
- Graeber Manuel B. "Alois Alzheimer (1864-1915)" International Brain Research Organization
| Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Alois Alzheimer en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten. |