Almere Haven
Almere Haven is in stedsdiel binnen de gemeente Almere yn de provinsje Flevolân. It stedsdiel hat 22.356 (1 april 2009) ynwenners en leit oan de Goaimar. It is it lytste stedsdiel fan Almere.
Almere Haven is it âldste gedielte fan Almere. De earste wenningen waarden oplevere yn novimber 1976. De earste bewenners wienen benammen Amsterdammers. Doe waard Almere Haven noch oan elkoar skreaun, as "Almerehaven". By de ynstelling fan de gemeente Almere op 1 jannewaris 1984 waard ek de namme fan dit stedsdiel feroare.
Yn Almere Haven wurde alle jierren it lanlik bekende Stoomfestival en it Havenfestival organisearre. It Stoomfestival lûkt alle kearen tûzenen (ynternasjonale) besikers. Ek wurdt de lêste jierren de Almeerse Triathlon yn Almere Haven hâlden, neidat it sintrum mei om de grutte ferbouwings dêre, net mear foldie.
It middelpunt fan it stedsdiel, leit eins oan de ein fan Almere, oan de Goaimar. Hjir leit de haven mei in protte restaurantsjes, en û.o. in kasino en in lytse jachthaven. Der binne plannen op priemmen foar útwreiding fan de havenkom, dêr't in bûlevaar en lytse strjitsjes, nei foarbyld fan it festingstedsje Naarden, troch ûntstean moatte.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wiken
Almere Haven hat de wiken:
- De Gouwen
- De Grynden
- De Hoven
- De Marken
- De Mienten
- De Velden
- De Werven
- De Wierden
- Haven Sintrum
- Overgooi
De Steiger en De Peal binne de grutste yndustryterreinen fan Almere Haven.
[bewurkje seksje] Iepenbier ferfier
Ten noarden fan Almere Haven stiet busstation ’t Ear. Hjirwei ride ferskate buslinen nei Almere Bûten, Almere Stêd, Amsterdam, Hilfertsom en Bussum.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn de jierren tachtich assosiearde mannich Nederlanner dit stedsdiel mei de comedyrige Laat maar zitten, wêryn ien fan de finzenen it allegeduerigen hie oer "myn skoansuster yn Almere Haven".
- It Stoomfestival hjit sûnt 2007 it Stoom- en enerzjyfestival omdat der te min belangstelling wie foar it stoomfestival.
- Alhoewol't Haven it âldste stedsdiel is, hat it as ienige Almearder stedsdiel gjin NS-stasjon.
- Alle wiken hawwe op de kaart in rûne foarm.
- Kastiel Almere kaam net fierder as de rûchbou.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|