Alliott Verdon-Roe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Alliot Verden-Roe yn 1930
De replika fan de Roe Triplane I

Sir Edwin Alliot Verdon-Roe (Patricoft, 26 april 1877 - 4 jannewaris 1958) wie in Britsk pionier-fleander en fleanmasinebouwer. Tegearre mei syn broer Humphrey stifte er yn 1910 de A.V. Roe (AVRO) Aircraft Co. Neidat hy eksperimintaerre hie mei modelfleanmasines makke er yn 1907-08 proefflechten mei in grut fleantúch ûnder Weybridge yn Surrey.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Roe waard berne yn Patricoft, no in wyk Manchester, as soan fan in dokter. Maart 1892 reizge er mei in freon fan syn heit, in sivyl yngenieur, nei Kanada, dêr't er in skoft as túnman arbeide en ferkocht er fisk dy't er sels fong hie. Teloarsteld yn de ekonomyske foarútsjoch yn Kanada gie er 1893 werom nei Ingelân en gie oan it wurk yn in lokomotivewurkpleats. Yn 1898 pakte er in stúdzje skipsboukunde yn Londen op. Hy makke de oplieding net dien, mar hâlde der wol in soad technyske kennis oan oer. Tusken 1900 en 1902 farde er as fyfde wurktúchboukundige foar de British and African Royal Mail Company. Hy brocht it dêr úteinlik ta tredde wurktúchboukundige. Op syn seereizen observearre er de flecht fan Albatrossen en tocht er nei oer de mooglikheid om in fleanmasine te bouwen.

Hy sette útein mei it meitsjen fan fleanende modellen dêr't er yn 1907 in priis fan de Daily Mail (75 pûn) mei wûn.

Mei dat jild koe er doe in fleanmasine bouwe, de Roe I Biplane. De JAP-motor wie te swak om it tastel de loft yn te krijen, mar de ferzje fan 1908 hie in Frânske Antoinette motor, dy't wol sterk genôch wie. Doe't er 8 juny 1908 de earste flecht mei dy masine makke, waard hy de earste Brit dy't mei in folslein Britsk tastel fleach. Hy boude ek noch de Roe Triplane I.

Yn 1910 stifte er tegearre mei broer Humphrey de A.V. Roe Aircraft Co. De yn 1912 ûntwurpen AVRO 504 waarden 8300 stiks fan makke. Yn 1928 kerkocht Roe syn oandielen oan de Armstrong Siddeley Company. Yn 1929 naam hy de skipsbouwer S.E. Saunders Co. yn Cowes (Isle of Wight) oer, yn'e mande mei John Lord. De namme fan it bedriuw waard feroare yn Saunders-Roe Ltd. en makke fan dat stuit ôf wetterfleanmasines.

Fanwege it ûntwerpen fan in nij fleanmasinetype waard hy yn Ingelân riddere, sawaande hjitte er tenei Sir Alliot. Nei de Twadde Wrâldkriich ûntwurp Sir Alliot luchtkessenreau en draachblêdboaten. Op 25 july 1959 makke de earste hovercraft, de SRN-1 de earste tocht oer it Ingelske kanaal; it wie in ûntwerp fan Christopher Cockerell en boud troch Saunders-Roe. Alliot Roe makke it net mear mei, hy wie al op 4 jannewaris 1958 ferstoarn.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Alliot Verdon-Roe: The world of wings and things (in part is te lêzen op Google boeken)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]