Allemastate

Ut Wikipedy
Allemastate
Allemastate foar de restauraasje yn 1987
Allemastate
Allemastate

Allemastate of Allema State is de âldst bekend Fryske sealstins yn de buorskip de Wygeast by Aldwâld yn de gemeente Kollumerlân. De stins kin ein 15e iuw boud wêze, mar mooglik al earder. Allemastate is bewenne en net te besjen.

Allema’s[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Allema’s kinne fergelike wurde mei de Phaesma's en de Bama's fan Kollum en de Idema's fan Westergeast, omdat se ek in famylje op de râne fan adel en eigenerfden wienen. Se wienen besibbe oan de famyljes Phaesma en Idema út Kollumerlân, Herbranda en Jeltinga út Bûtenpost, Haersma fan Eastermar en Loma yn Doezum. Nijsgjirrich is dat hjoeddeisk de famylje, dy’t nea eksplisyt as aadlik of as haadlingefamylje oantsjutten waard, yn de 15e iuw yn in goed te ferdigenjen stienhûs wenne mei dikke muorren. Oant yn de 18e iuw fererve de stins yn de famylje Allema, en de yn froulike line dêrút foarkommende Alma fan Idema's.

Earste bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mooglik is de stins sette litten troch Redmer hear Allema (of syn soan), dy’t omtrint 1495 kastlein of steedhâlder fan Eastbroeksterlân wie (dat letter part wurde soe fan Kollumerlân) fanwege de stêd Grins as gefolch fan it ferbûn fan 1467, mar it is ek goed mooglik dat de stins doe al bestie en syn namme krige fan syn nije eigener. Louw Allema ferstoar yn 1531 op Allema state. Syn soan Eesck Allema hie lân yn Kollum, Westergeast en Aldwâlde en ruile lân mei Hessel Bootsma. Yn 1551 wie hy rjochter yn Kollumerlân; syn dochter Rebs troude mei Bene Buwes fan Jeltinga. Hy liet Allema state blykber net oan syn dochter nei, want letter komt syn broer Sije foar as eigener fan "Alma-state en zathe opte Wygeest". Sije soe om 1567 hinne ferstoarn wêze. Dan wenje Saes Allema en har man Offke Mellema, sekretaris fan Kollumerlân, op "Oldwolde". It stiet lykwols net fêst oft it yndie op Allema state west hat.

17e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1596 wennet Rinsck Allema, dochter fan Sije, mei har man op de Wygeast, dus frij seker op de state. Hja besiet nei’t skynt in diel fan de state, want it achterhûs fan "Sije Allema-saete en state opte Wygeest" foel yn 1614 by skieding ta oan har soan (út earste houlik) Sije Hayes, wylst it oare diel grif fan har broer Ede Allema wie.
Ede Allema wie substitút-grytman fan Kollumerlân, foar it Spaansk bewâld, en tsjerkefâd fan Aldwâld. Foar de skiednis fan Allemastate binne syn dochters Sjuw, Rebs en Thiet fan belang. Thiet boaske mei har (achter)neef Sije Allema. Se wennen yn 1600 en 1620 op Allema. Harren dochter Rebs Allema wie yn 1640 tegearre mei Ede en Ene (Ennius) Harmens Idema, soannen fan Sjuw Allema, eigeneresse fan de state. Yn 1655 kochten Ede en Ene it treddepart yn de state fan de bern fan Rebs. Nei alle gedachten hie Ede gjin bern of is letter troch syn broer útkocht. In soan fan Ene Idema en Elisabeth van Botnia, Hermanus Idema, wie doarpsrjochter en tsjerkefâd fan Aldwâlde. Hy bewenne Allemastate, dêr't hy yn 1698, tegearre mei syn broer Edo Alma fan Idema, eigener fan wie.

18e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei Hermanus Idema is Allema wierskynlik net mear troch de eigeners bewenne. Yn 1832 leinen om de buorkerij oan trije siden noch grêften. Yn it foarhûs binne resten fan de eardere stins bewarre. De noardgevel fan it foarhûs is 75 cm dik en bestiet ýt bleekreade kleastermoppen. Op it plak fan it raam yn dizze muorre siet in meter boppe it hjoeddeiske meanfjild in doar. Oan beide kanten fan dizze doar sieten letter tichtmitsele ramen, wêrfan de hoekstiennen noch te werkennen binne.

Sealstins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fanâlds wie Allema State dus in Midsiuwske sealstins, dêrnei iuwenlang in boerebedriuw en no is it in wenpleats. Hiel lang wie net mear bekend dat it foarhûs fan dizze pleats restanten wienen fan in sealstins en wienen der sels plannen om it ôf te brekken, wêrmei’t Fryslâns âldste foarhûs tsjin de flakte gien wêze soe.
De âlde stins is no de wenkeamer fan de pleats, dy’t steand op in hege sânrêch boppe it lânskip útstekt. It útsjoch oer it roerleaze kûlisselânskip is prachtich en it wenjen ekstra rêstich, trochdat de eardere pleats mei de kont nei de dyk ta stiet.

De State[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hûs is ien fan de twa noch besteande sealhuzen yn Fryslân. De oare is Dekemastate yn Jelsum. In sealhûs is in robúste, langwerpige ienkeamerwenning. In pleats is it dus net. De skuorre is der pas inkele jierren letter efter komd. De hjoedddeiske bewenners hawwe fan de oarspronklike ienkeamerwenning wer echt ien keamer makke troch in tuskenmuorre wei te heljen. Oer it hiem rinnend wiist de hjoeddeiske eigener Schelfhout op de foargevel fan syn sa koestere 'stienhûs'. De muorre fan kleastermoppen is hast in meter dik en miskien wol sânhûndert jier âld. De fundearring is ûnderoan sels trije meter breed. Begryplik, want de stins hat oait twa kear sa heech en dus noch folle swierder west. De mopstiennen fan de boppeferdjipping binne nei alle gedachten opnij brûkt by de bou fan de molkenkelder en de skuorre. Yn de midden fan de foargevel sit in smel raam, mar oarspronklik wienen der allinnich in sjitslûf en twa krúsbôgefinsters. Dy binne tichtmitsele, mar de âlde kontoeren binne noch te sjen. De dimpte grêften hat Schelfhout weromkomme litten yn it lânskip. "Allinnich net eksakt op itselde plak, want dan soe der oan iuwen oan húsôffal nei boppen komd wêze".

Restauraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allemastate

It is oan boer Ruurd Lieuwes te tanken dat Allema State der noch stiet. Hy kocht de pleats yn 1989 en frege oan in arsjitekt de ferwaarloaze stins op te knappen, maar dy seach der gjin heil yn. Dizze arsjitekt advisearre sloop. Mar Lieuwes lei him der net by del: Hy woe Allema State behâlde. Hy fûn lykwols út dat dizze state net op de Monumintelist stie. Doe is hy dêr efteroan gien mei as gefolch dat der subsydzje ferliend waard foar restauraasje. Spesjalisearre arsjitekten waarden ynskeakele. Tuskenmuorren waarden sloopt, flierren, plafonds en ramen waarden ferfongen, mar de stins bleau yntakt. Inkele jierren lyn waard it lân, op in 100 meter fan de pleats, n flierke fan plavuizen fûn, deselden dy’t ek yn de kelders fan Allema State lizze. De ferhalen geane dat der yn de tiid fan Skier en Fet in ûndergrûnske gong nei Feanwâlden rûn.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1495 mooglik Redmer Allema
  • oant 1531 Louw Allema
  • oant 1558 Eesck Allema
  • 1558 - 1567 Sije Allema
  • 1596 Ede Allema en Rinsck Allema (broer en sus)
  • 1600, 1620 Thiet Allema en Sye Allema (echtelju)
  • 1640 Rebs Allema tegearre mei har neven Ede en Ene Harmens Idema
  • 1655 Ede en Ene Harmens Idema
  • 1698 Hermanus Idema en Edo Alma van Idema
  • oant 1926 Auwert en Baukje Hofman
  • 1989 Ruurd Lieuwes
  • 2001 Andreas en Mirre Schelfhout
  • 2022 Fré de Vries en Feikje Meijer

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Allemawei 5, Oudwoude fan Wikimedia Commons.