Alistair Campbell (taalkundige)

Ut Wikipedy

Alistair Campbell (Birmingham, 12 desimber 1907 - 5 febrewaris 1974) wie in Britsk anglist.

Cambell wie Rawlinson and Bosworth Professor of Anglo-Saxon oan de Universiteit fan Oxford en Fellow fan it Pembroke College fan deselde universiteit, fan oktober 1963 oant syn dea. Hy is de redakteur fan de standertedysje fan it Aldingelsk gedicht Battle of Brunanburh[1] [2]en de auteur fan Old English Grammar (Oxford: Clarendon Press, 1959 ISBN 0-19-811901-1).

Cambell wie in kenner fan it Frysk en it Nederlânsk

Publikaasjes oer it Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • U.o yn it Frysk Jierboek.
  • The early Frisian Studies of Jan van Vliet (mei J.H. Brouwer, Assen 1939)
  • Transactions of the Philol. Society (1939)
  • Philological transactions (1947)
  • Gysbert Japicx,the Oxfort tekst of four poems (1948)
  • Thet Freske Riim, Tractatus Alvini (De Haach 1952)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [Treharne, Elaine M., Old and Middle English c.890-c.1400: an anthology http://books.google.com/books?id=IOsp1ywIF5sC&pg=PA28 2004 útjouwer Wiley-Blackwell, s.28]
  2. It gedicht is bewarre bleaun yn de Angelsaksyske Kronyk