Algeraburren

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Algeraburren is in buorskip yn de gemeente Nijefurd. Al yn 1468 neamd as in oan de stêd Warkum fêstgroeide útbuorren. De brêge by de terp Algera bura wurdt neamd. De delsetting hat syn namme te tankjen oan de famylje Algera fan Warkum (in oar laach kaam fan it doarp Garyp). De foarnamme Alger hat as kearnbetsjutting: 'edele (strider) mei de spear'.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels