Alfbad

Ut Wikipedy

Alfbad of Abba wie in Fryske greve út healwei de 8e iuw. Hy bestjoerde út namme fan de Frankyske kening Pippyn II it goagreefskip Eastergoa yn wat hjoed de dei de provinsje Fryslan is.

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne wat oanwizings dat Alfbad in ôfstammeling wêze soe fan de Fryske kening Redbad. Yn alle gefallen wie er ôfkomstich út de Fryske elite en makke ûnder de hearskippij fan de Franken opgong.

Kerstening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de nederlaach yn de Slach by Jirnsum yn 734 in ein makke hie oan it Fryske Ryk, foel it Fryske gebiet westlik fan de Lauwers yn Frankyske hannen. Under it bewâld fan hofmeijer Karel Martel waard der in begjin makke mei kerstening van de heidenske Friezen. By dy kerstening hawwe de Fryske eallju in wichtige rol spile. Fan dizze hoeke út moat ek de beneaming fan Alfbad sjoen wurde.

Regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hearde ta de Fryske eallju en hat nei aller gedachten ien fan de earste bestjoerders west yn it tiidrek fan nei de hearskippij troch de Fryske keningen. Fan him is bekend dat er nei de dea fan Bonifatius, yn 754 yn Dokkum in tsjerke bouwe litten hat dy't wije wie oan de ferstoarne biskop en dêr't er sels de lieding oer hie.

Boarne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]