Alexandrine Tinne

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Alexandrine Tinné")
Gean nei: navigaasje, sykje
Alexandrine Tinne (1835-1869)
East Afrika, de rin fan de Nyl, mei de "Blauwe" en "Wite" Nyl

Alexandrine Pieternella Françoise Tinne (Den Haach, 2 augustus 1835 – omkriten fan Ghat (Lybje), 17 oktober 1869) wie in Nederlânske ûntdekkingsreizgster dy’t as ien fan de earste froulju Noard-Afrika ferkende. Hja wie ek in fertsjinstlik fotografe.

Jeugd[bewurkje seksje | edit source]

Alexandrine wie de dochter fan Philip Frederik Tinne, in Nederlânske keapman dy’t him yn de Frânske tiid yn Ingelân ta wenjen sette, mar neitiid werom kaam, en baronesse Henriette van Capellen. Har mem wie in dochter fan de ferneamde fice-admiraal Theodorus Frederik van Capellen. It wie Philip syn twadde frou en Alexandrine waard berne doe’t hy 63 wie. De jonge Alexandrine krige ûnderrjocht oan hûs en hie talint foar pianospyljen. Doe’t har heit stoar wie hja tsien jier. It makke har ta ien fan de rykste erfgenamten fan Nederlân.

Reizen[bewurkje seksje | edit source]

Mei har mem reizge se al op jonge jierren troch Noarwegen, Itaalje en it Heine Easten, en besocht hja Egypte.

De Nyl reis[bewurkje seksje | edit source]

Tinne waard in tige goede fotograaf yn de iere jierren fan de glêsplaat-fotografy en ferliet Jeropa yn 1861 om yn de omkriten fan de Nyl te reizgjen. Hja ferbleaun yn it ferneamde Shepheard's Hotel yn Kairo. Op 9 jannewaris 1862 sette sy út Kairo wei ôf, mei har mem en muoike, yn inkelde boaten om de bopperin fan de Nyl te ferkennen en de boarne te finen. Nei in koart ferbliuw yn Kartûm giene se de Wite Nyl op en rekken oant boppe Gondokoro en ferkenden in part fan de Sobat wêrnei't sy yn novimber werom gie nei Kartûm. Dêr kamen Theodor von Heuglin en Hermann Steudner by de groep en yn febrewaris 1863 begûn men mei it ferkennen fan de Bahr-el-Ghazal dy't noch net yn kaart brocht wie. It doel wie om it streamgebiet te eksplorearjen en út te finen hoe fier at it streambêd fan de Nyl nei it westen ta rûn en ek om fêst te stellen oft guon rapporten oer in mansk mar yn Sintraal-Afrika (westlik fan dy't al bekend wiene) wier wiene. Rapporten dy't wierskynlik sloegen op de op marren lykjende dielen fan de Midden-Kongo. Op 10 maaie berikte men it fierste punt streamop. Fan Meshra-er-Rek ôf reizge men oer it lân fierder, troch de Bahr Jur en súdwestlik by de Bahr Kosango nei Jebel Kosango, oant de grinzen fan it Niam-Niam gebiet. Allegear hiene se slim te lijen fan koarts. Steudner stoar yn april al en mefrou Tinne, Alexandrine's mem yn juny. Nei in protte beswieren en gefaren berikten de oerbleaunen Kartoem yn july 1864 dêr't Tinne's muoike ek noch te ferstjerren kaam. Ferslein troch troch it ferlies fan mem en muoike reizge Tinne werom nei Kairo fia Berber en Suakin. De liken tôge hja mei; sy waarden letter begroeven op it Oud Eik en Duinen hôf yn De Haach.

De geografyske en wittenskiplike betsjutting fan dizze reis wie grut. Dat docht bliken út Heuglin's Die Tinnésche Expedition im westlichen Nilgebiet (1863-1864 (Gotha, 1865), en Reise in das Gebiet des Weissen Nils Leipzig, 1869). Hja ûntdutsen 24 nije planten dy't troch T. Kotschy en J. Peyritsch wiidweidich beskreaun binne yn 1867 ûnder de titel Plantes Tinnaennes (útjûn te Wenen).

De Sahara reis[bewurkje seksje | edit source]

Yn jannewaris 1869 sette sy útein fan Tripoly foar in reis troch de Sahara. Sy wie fan doel om nei de Tsjaadmar te reizgjen en dan troch it Keninkryk Wadai fia Darfur nei de Boppe-Nyl. Yn Murzuq moete hja de Dútske ûntdekkingsreizger Gustav Nagtigal mei wa’t sy de tocht ûndernimme woe. Nagtigal woe lykwols earst nei it Tibesty berchtme, dat sy set ôf nei it suden sûnder him. Har karavaan waard op 1 augustus troch Toeareg oanfallen. Tinne rekke swier ferwûne troch twa houwen mei in swurd en waard dêrnei deasketten. Ek twa Nederlânske seelju út har groep ferlieze it libben. Oer it motyf fan de oanslach binne meardere teoryen. Wierskynlik binne hja it slachtoffer wurden fan in polityk spultsje yn de kriich tusken Toeareg-stammen dy't earst einige ûnder de Ottomaanske oerhearsking yn Súd-Lybje.

Neitins[bewurkje seksje | edit source]

Tinne’s samling etnografyske foarwurpen waarden ûnderbrocht yn Liverpool. Spitigernôch binne dy ferlern gien by bombardeminten yn de Twadde Wrâldkriich. Itselde lot trof de tsjerke yn De Haach dy’t ta har neitins boud wie. Har namme wurdt neamd op in monument ta neitins oan de 19e ieuske Nyl-ûntdekkers yn Juba, Sûdan, en op in plakette yn Tanger. Wat der fan har wurk en brieven út Afrika oerbleaun is, wurdt bewarre yn it Haachsk Gemeenteargyf.

Tinne har libben waard yn 2007 ferfilme under de titel Als een vlieg naar de vlam troch BarBara Hanlo.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Sunny J. Jansen - Zwerftocht door Afrika, De ontdekkingsreis van Alexandrine Tinne (2008). ISBN 978-90-8560-552-2
  • Kora Bentvelsen - Freule Alexandrine Tinne: pionier in de Sahara. (2008) AO 2898. ISBN 978-90-8587-078-4
  • Jan G. Kikkert - Hoe ver we zullen komen, weet ik niet; het avontuurlijke leven van Alexandrine Tinne (1835 - 1869). Bussum 1980.
  • Jan G. Kikkert - Een Haagse dame in de Sahara; het avontuurlijke leven van Alexandrine Tinne (1835-1869). Amsterdam 2005 (fermeardere werprinting fan de foarige titel).
  • Clara Eggink (1960) - De merkwaardige reizen van Henriëtte en Alexandrine Tinne. Meulenhoff
  • Wolf Kielich (1990) - Vrouwen op ontdekkingsreis; avonturiersters uit de negentiende eeuw. Amsterdam: Maarten Muntinga, Rainbow Pockets nr. 90, ISBN 90 6766 090 6
  • Antje Köhlerschmidt - Alexandrine Tinne (1835-1869) - Afrikareisende des 19. Jahrhunderts. Zur Geschichte des Reisens. Magdeburg 1994 (phil. Diss.)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]