Aleksej Pisemski

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pisemski, skildere troch Ilja Repin

Aleksei Pisemski (provinsje Kostroma, 23 maart 1821 - Moskou, 2 febrewaris 1881) wie in Russysk realistysk roman- en toanielskriuwer.

Yn syn autobiografy seit er dat syn famylje fan âld aadlik komôf is, mar syn direkte foarâlden wiene tige earm en koene net lêze en skriuwe. Syn pake wie in ienfâldich boer en syn heit waard 'wosken en klaaid' troch in rike sibbe en waard as soldaat it leger ynstjoerd. Nei tritich jier tsjinst wie er majoar doe't er mei pinsjoen gie. As bern mocht Pisemski graach it oersette wurk fan Walter Scott en Victor Hugo lêze, en letter dat fan William Shakespeare, Schiller, Goethe, Rousseau, Voltaire en George Sand.

Op it hichtepunt fan syn karriêre waard er faak fergelike en lykweardich achte mei grutte skriuwers sa as Toergenjev en Gontsjarov, mar syn populêrens waard al oan de ein fan syn libben hurd minder.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

Pisemski waard bekend mei de ferhalebondel Sketsen út it boerelibben (1856).

It wichtichste wurk fan Pisemski is de roman Tûzen sielen (1858). It is in roman oer in jonge, net-aadlike yntellektueel Kalinovitsj, dy't syn idealen foar syn karriêre opjout. Hy trout mei in ûnsjugge eigenaresse fan tûzen sielen (liifeigenen), yn stee fan mei de kreaze en suvere Nastja. Earst nei de dea fan de lâneigenaresse komt er werom by Nastja.

“Tûzen sielen” waard opnomd yn de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot.

Literatuer en boarnen[bewurkje seksje | edit source]

  • E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
  • Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
  • A. Bachrach e.a.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum