Aleksandertsjerke (Rinsumageast)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Aleksandertsjerke

De Alexandertsjerke is in tsjerke yn Rinsumageast.

De tsjerke wie oarspronklik in trijebeukige dowestiennen tsjerke út de 12e ieu en wijd oan Sint-Alexander. Yn de 16e ieu waard de tsjerke twabeukich, trochhdat de lytse sydbeuken ferfongen waarden troch in nije gruttere sydbeuk oan de súdkant. De sealdaktoer út de 13e ieu waard yn 1610 foar it grutste part fernijd. De klok út 1620 is getten troch Hans Falck. De tsjerke hat ek ûnderdielen dy't út tichtbylizzende eardere gebouwen komme: twa pylders út it yn 1580 ophefte kleaster Klaarkamp en in poartsje fan Eysingastate. De tsjerke is in ryksmonumint. It oargel út 1892 is makke troch Bakker & Timmenga.

Sealdaktoer

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] - (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90-400-9476-4