Aldnederlânsk

Ut Wikipedy
Aldnederlânsk
algemien
taalgebiet Ryn-, Maas- en Skeldedelta
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Aldnederlânsk
skaaimerken
tiidrek 9e iuw1100
ûntstien út Aldfrankysk
ûntjûn ta Midnederlânsk
taalkoades
ISO 639-3 odt

It Aldnederlânsk is de oantsjutting foar de Nederfrankyske dialekten dy't yn 'e Iere Midsiuwen sprutsen waarden yn 'e Ryn-, Maas- en Skeldedelta fan wat no Nederlân, Belgje, westlik Dútslân en noardlik Frankryk is. It ûntstie yn 'e njoggende iuw út it Aldfrankysk en ûntjoech him rûchwei om 1100 hinne ta it Midnederlânsk. It is mar fragmintaryske oerlevere.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldnederlânsk wurdt beskôge as it ierste stadium fan 'e Nederlânske taal. It kaam fuort út it Aldfrankysk, de taal fan it Germaanske folk fan 'e Franken, wêrby't yn elts gefal yn 'e njoggende iuw in werkenbere foarm fan Nederlânsk ûntstien wie, al is it troch de breklike oerlevering skoan mooglik dat dat ek earder al it gefal wie. Ut it Aldnederlânske tiidrek binne inkeld wat geografyske nammen en psalmfragminten bewarre bleaun (fan 'e njoggende en de tsiende iuw ôf), en dêropta de yn 1932 ûntdutsen sin "Hebban olla uogala nestas bigunnan hinase hi[c] [e]nda thu uuat unbidan uue nu" ("Binne alle fûgels nêsten begûn behalven ik en do, wêr wachtsje wy op"), dy't beskôge wurdt as it âldste oerlevere Nederlânske fragmint. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat der yn 1996 yn 'e grûn fan in ikker te Bergakker, yn 'e Betuwe, in swurdskie fûn is mei dêrop yn runetekens in noch âldere tekst dy't mooglik Aldnederlânsk is, mar it dêrop oerlevere boadskip is lykwols beheind en kin net iens mei wissichheid lêzen en/of oerset wurde.

Nettsjinsteande it fragmintaryske karakter fan 'e oerlevering fan it Aldnederlânsk is it taalkundigen slagge om dit histoaryske taalstadium te rekonstruëarjen op grûn fan it Midnederlânsk en fan Aldnederlânske lienwurden yn oare talen. Tsjin 'e tolfde iuw ûntjoech it Aldnederlânsk him stadichoan ta it (folle better oerlevere) Midnederlânsk. Hoewol't de oergong tusken de beide taalstadia ornaris om 1100 (ek wol 1150) hinne lein wurdt, wie dat in stadige ûntwikkeling sûnder dúdlike skiedsline, wat elts oanwizen fan sa'n grins ta in arbitrêre beslissing makket. Yn 'e tolfde iuw briek lykwols in perioade oan dat it Nederlânsk folle mear brûkt waard as skriuwtaal, wat makke dat de taalkundige fernijings dy't meitiid slûpenderwize yn 'e taal trochkrongen wiene, foar it earst dúdlik oan it ljocht kamen. Doe die bliken dat it Nederlânsk tsjin dy tiid in hiel oare foarm krigen hie as dat de taal yn it Aldnederlânske tiidrek hie.

Aldnederlânsk en Aldnederfrankysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarhinne waard seach men it Aldnederlânsk as min ofte mear synonym mei it Aldnederfrankysk, al wie dat in wat bredere term, mei't dêr ek alle net oerlevere sprektaaldialekten ûnder beflapt waarden. Netssjinsteande dat waard der earder troch in protte Nederlânske taalkundigen wol foar pleite om inkeld noch fan Aldnederlânsk te sprekken en de term Aldnederfrankysk ôf te tankjen. Sûnt de erkenning fan it Limboarchsk as in aparte taal, yn 1997, hat de saak lykwols in hiel oar oansjen krigen. It Aldnederlânsk wurdt no sjoen as fuortkommend út it Aldwestnederfrankysk, wylst it Limboarchsk weromgiet op it Aldeastnederfrankysk. Mei de term "Aldnederfrankysk" wurdt no ferwiisd nei de âldere foarmen fan sawol it Nederlânsk as it Limboarchsk.

Ferskillen tusken Ald- en Midnederlânsk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It opfallendste ferskil tusken it Ald- en it Midnederlânsk is it taalkundige ferskynsel dat fokaalreduksje neamd wurdt (en dat him ek yn besibbe talen lykas it Ingelsk, Frysk en Nederdútsk foardie). Dêrby krigen wurden dy't earder op folle fokalen einigen, in sjwa of reduksjefokaal oan 'e ein:

Aldnederlânsk Midnederlânsk betsjutting
vogala vogele "fûgel"
dago / daga daghe "dei"
brecan breken "brekke"
gescrivona ghescreven "skreaun"

Ek hie it Aldnederlânsk noch in folslein namfallesysteem, mei nominatyf, genityf, datyf en akkusatyf, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbe Dútsk. Yn it Midnederlânsk begûn dat stadichoan ôf te broazeljen, oant it yn it Nijnederlânsk yn 'e sprektaal alhiel ferdwûn (hoewol't it yn 'e skriuwtaal foar in diel noch stân hold oant de staveringsherfoarming fan 1944). Hjirûnder de ferbûging fan it haadwurd dag ("dei") yn it Aldnederlânsk:

namfal inkeltal meartal
1ste namfal (nominatyf) dag daga
2de namfal (genityf) dages / dagis dago
3de namfal (datyf) dage dagon
4de namfal (akkusatyf) dag daga

Fierders beskikte it Aldnederlânsk noch oer ferskate konsonanten dy't yn lettere foarmen fan it Nederlânsk net mear foarkamen. It opfallendst dêrfan wie de [θ] (stimleaze th, fan Ingelsk thin), dy't bygelyks foarkaam yn it wurd thāhton [θa:xton] ("tochten"). De [ð] (stimhawwende th, fan Ingelsk this) kaam ek foar, mar waard yn 'e regel net oars stavere as de stimleaze th, al ferskynde er soms as dh. Fierders bestie ek de "hurde" Fryske [ɡ] (g fan "goed") noch, al kaam dy inkeld foar as allofoan fan 'e "sêfte" [ɣ] (g fan "drage") lykas yn brengan [brɛŋɡan] ("bringe") en segghan [sɛɡan] ("sizze"). Yn it Midnederlânsk bestie dizze klank inkeld noch nei de [ŋ] (ng fan "finger"), oant er úteinlik foar de oergong nei it Nijnederlânsk hielendal weiwaard.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.