Alde Miede

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldemiede)

Alde Miede of Aldemiede is in buorskip noardeast fan Warstiens benoarden it Prinses Margrietkanaal yn de gemeente Tytsjerksteradiel. It heart ta de himrikken fan Suwâld en Tytsjerk.

De namme komt yn 1543 foar as Oldemeeden. It sil dan in oantal stikken lân wêze, fan in pleats wurdt dan skreaun Opper mied. In miede is in stik healân. Yn it gebiet stiene eartiids in oantal pleatsen op ferhege hússteden. By Alde Miede is in einekoai.