Springe nei ynhâld

Alde Hospitaalkleaster

Ut Wikipedy

It Alde Hospitaalkleaster is in earder kleaster yn Snits.

It kleaster is stifte yn 1206 en waard nei alle gedachten bewenne troch de susters fan de Oarder fan Sint Antonius. Oer it kleaster is net folle ynformaasje bewarre bleaun. Yn it kleaster hat yn 1294 in grutte brân west, dy't mooglik oanstutsen is. Dêrby kamen fjouwer nonnen om it libben en gie sawat it hiele bebou yn flammen op. Hartoch Jan fan Beieren hie oan it kleaster spesjale privileezjes jûn.

It kleaster is om 1400 sluten.

Letter waard yn de 16e iuw yn Snits it Krusebruorrekleaster Jeruzalim iepene en hjirnei folge yn de 20e iuw it Sint Antonius Kleastersikehûs.