Album Amicorum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Album fan Michael van der Meer
Album fan Michael van der Meer

In album amicorum of Liber Amicorum (Latyn foar freoneboek) is in boekje of rôle, meast yn oblong formaat mei poezij en proaza troch freonen en kunde fan de besitter of út wurk sitearre en ûndertekene. Se waarden ek wol útrikt by in ôfskied of jubileum. Faak steane der ek wapens yn en binne dêrom foar de skiedskriuwing fan de heraldyk fan belang. Ferskate Fryske foarbylden binne beskreaun troch jhr. mr. Hobbe Baerdt fan Sminia. It Frysk Museum en de Provinsjale Bibleteek hawwe in lytse kolleksje.

It album is nau ferbûn mei studinten dy't op mear as ien universiteit studearren mar in saneamde akademyske rûnreis makken troch Europa. It album waard dan ek fold mei bydragen fan heechleararen dêr't se kolleezje rûnen en ek fan meistudinten. In bekend Album is dat fan Michael van der Meer dat oan de Universiteit fan Edinburch bewarre wurdt. It sjenre is ûntstien yn Dútslân, maar waard tusken 1560 en de 17e ieu. Nei in perioade fan ferfal komt der midden 18e ieu in oplibbing, wer yn akademyske fermiddens. Yn de rin fan de 19e ieu wurdt it populêr ûnder famkes fan de hegere komôf. It feroaret dan totaal fan karakter: bestienen yn it studintealbum de bydrage út mei soarch út de klassike of kristlike auteurs keazen sitaten, mei in opdrachtformule, yn it njoggentjende-ieuske album steane meast gedichten yn de moderne talen alderlei foarmen fan hûsflyt: tekeningen, borduerwurkjes, prik- en knipwurkjes en sa. Ein 19e ieu wurdt it album stadichoan in saak foar legere skoalle famkes fan alle rangen en stannen en ûntstiet it 'Poesiealbum', dat troch de neiste famylje, klasselearares en skoalfreondintsjes fold wurdt mei standertferskes dy't meastentiids opgnisse wurde mei ferskate plakplaatsjes.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Album Amicorum.