Albertus baron van Harinxma thoe Slooten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Albertus baron van Harinxma thoe Slooten (Beetstersweach, 4 maaie 1872Amsterdam, 17 septimber 1940) wie in Fryske jurist.

Hy waard berne as soan fan Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten dy't abbekaat en kantonrjochter wie foardat hy yn 1871 lid waard fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en fan 1878 oant 1909 Kommissaris fan de Kening(inne) fan Fryslân wie. Syn âldere broer Pieter gie harren heit efternei en waard yn 1909 Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân; Sels hie hy in 37-jierrige karriêre by it Iepenbier Ministearje (IM).

Nei syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Leien waard hy yn 1902 beneamd ta amtner by it IM yn Ljouwert. Sân jier letter krige hy syn beneaming ta substitút-offisier fan justysje; earst yn Winschoten en in jier letter yn Amsterdam. Yn 1921 folge syn beneaming ta advocaat-generaal by it gerjochtshof yn Amsterdam. Doe't S.J.M. van Geuns, de prokureur-generaal fan dat gerjochtshof, yn 1934 op 70-jierrige leeftyd mei pensjoen gie, folge Van Harinxma thoe Slooten him yn augustus fan dat jier op.

Yn 1935 krige hy fan de Gestapo it fersyk om nei Nederlân flechte Dútse kommunisten dy't net nei Dútslân werom stjoerd wurde koenen, net langer frij te litten omdat se harren dan yn oare lannen festigje soene kinne. Hjirop skriuwde hy in brief oan de minister van justysje wêrnei't yn maart fan dat jier Fort Honswijk by Culemborg as konsintraasjekamp ynrjochte waard en koart dêrnei yn gebrûk nommen waard.

In desimber 1939 gie hy mei pensjoen wêrnei't hy noch gjin jier letter op 68-jierrige leeftyd ferstoar.

[bewurkje seksje] Boarnen

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen