Albertus Samuel Carpentier Alting

Ut Wikipedy
A.S Carpentier Alting

Albertus Samuel Carpentier Alting (Purmerland, 30 desimber 1837 - De Haach, 4 augustus 1915) wie in Nederlânsk-herfoarme predikant en frijmitselder. Hy wie troud mei Elsje Zaalberg.

Nei syn stúdzje teology yn Leien stie Alting as predikant yn Colmschate (1862-1865), Dokkum, Hoarn (Noard-Hollân) (1882), ferskate plakken yn Nederlânsk-Ynje (1885-1905) en De Haach (1905-1915).[1]

Yn Dokkum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dokkum wie syn gemeente fan 1865 oant 1882. Hy stie dêr bekend as modern predikant, mar ek as moedich en belutsen by syn gemeente. Sa gie er yn de golera-epidemy dy't op seker stuit hearske gewoan troch mei syn húsbesites. Yn 1868 wie er ien fan de mannen efter de gearkomsten fan moderne teologen út de noardlike provinsjes yn Ljouwert en yndirekt ek efter de oprjochting fan it Protestantebûn yn 1870.

Teffens wie er dêr de lêste rektor fan de Latynske skoalle, redakteur fan de krante Oostergo, stifter fan it blêd De Nieuwe Richting in het leven. Bladen ter godsdienstige ontwikkeling (1868-1871)[2] en oprjochter fan de Dokkumer frijmitselerslôge.

Yn Nederlânsk-Ynje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alting stie as dûmny yn Padang (Sumatra, 1885-1890), Semarang (1895-1897), Batavia (1897-1905). Yn Batavia wie mei-oprjochter fan in HBS dy't bekend stie as 'CAS', ôfkoarting fan Carpentier Alting Stichting. Ferneamde âld-learlingen fan dy HBS binne ûnder oaren de skriuwsters Hella Haase en Aya Zikken.[3]

Fan 1899 oant 1905 hie er ek de funksje fan Deputearre Grutmaster fan de Oarder fan Frijmitselers yn Nederlânsk-Ynje, in hege post dy't er werom yn Hollân ek besette oant syn dea.

Yn Den Haach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Werom út Ynje waard Alting predikant foar de NPB (Nederlânske Protestantebûn). Nei syn emeritaat hat Alting koart siik west; hy is ferstoarn en kremearre yn De Haach.[4] By routsjinst waard er foaral troch de frijmitselers huldige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webstee universiteit fan Leien
  2. Biografysk Wurdboek/DBNL
  3. Ald learling oer HBS 'CAS' yn Batavia
  4. Levensbericht Alting, mei bibliografy, DBNL