Albert Koopman

Ut Wikipedy

Albert Koopman (Ychten, 4 febrewaris 1917 - Dunegea, 17 maart 1945), wie in houtbewurker en fersetsman. Hy ferdielde dropte wapens en joech wapenynstruksjes oan de knokploech. Op 19 febrewaris 1945 die de Sicherheitsdienst in ynfal yn it hûs fan Koopman.

Op 15 maart 1945 wienen twa leden fan de Wasserschutzpolizei fan De Lemmer oan it foerazjearen. Doe't se lâns de pleats fan de famylje Schotanus yn Dunegea kamen, waard dêr krekt in ko slachte troch inkele leden fan de Nederlânske Binnenlânske Striidkrêften. Der ûntstie in fjoergefjocht, wêrby't de Dútske Revieroberwachtmeister Platt en de Nederlânske Unterwachtmeister Kootstra deade waarden. As ferjilding waarden tsien politike finzenen, wêrûnder Albert Koopman, út Crackstate op it hiem fan de pleats fusillearre. Dêrnei waard it gebou yn 'e brân stutsen. De slachtoffers waarden earst begroeven yn Sint Nyk. Letter binne se begroeven yn harren eigen doarp. Koopman waard begroeven op it N.H.-begraafplak yn Ychten. In stien yn de pleats fan Schotanus yn Dunegea yn Skarsterlân is setten as oantinken oan de fusillade.

Op De Lemmer is de Albert Koopmanstrjitte nei him neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: