Albert Alberts

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Albert Alberts (Haarlim, 23 augustus 1911 - Amsterdam, 16 desimber 1996) wie in Nederlânsk skriuwer, oersetter en sjoernalist. Syn skriuwersnamme wie A. Alberts.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Alberts studearre Yndology oan de Ryksuniversiteit Utert en wie lid fan studinteferiening Unitas Studiosorum Rheno-Traiectina. Dêr wie er in freon fan Anton Koolhaas en Leo Vroman. Hy promovearre yn 1939 ta doktor yn de letteren en filosofy op it proefskrift Baud en Thorbecke 1847-1851, dat oer de striid tusken de politisy Baud en Thorbecke hannelt. Dêrnei wie er oant 1946 bestjoersamtner yn Nederlânsk-Ynje. Under syn ynternearing troch de Japanners krige er kunde oan de skriuwer Han Friedericy. Nei't er wer werom wie yn Nederlân hat er in skoftke wurke op it Ministearje fan Oerseeske Gebietsdielen mei Friedericy as syn direkte sjef. Dêrnei wie er oant 1953 direksjesekretaris fan it Kina-buro foar de hannel yn kinineprodukten yn Amsterdam. Mei in ûnderbrekking fan begjin 1959 oant begjin 1960, doe't er as kontaktamtner foar Aazje en Afrika by de Stichting Culturele Samenwerking (Sticusa) wurke, wie Alberts fan 1953 oant 1965 polityk redakteur fan De Groene Amsterdammer. Alberts syn lêste wurkjouwer wie it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Yn 1976 gong er mei pinsjoen.

Alberts publisearre syn earste ferhalen yn it literêr tydskrift Libertinage. Hy debutearre yn 1952 mei de ferhalebondel De eilanden. In jier letter folge de koarte roman De bomen. Fierders publisearre er ûnder oaren De Vergaderzaal, De honden jagen niet meer, De Utrechtse herinneringen van A. Alberts en De vrouw met de parasol.

Yn 1992 skreau er it boekewikeesee Twee jaargetijden minder. Alberts syn Verzameld Werk kaam yn 2005 út.

Prizen[bewurkje seksje | edit source]

Bibliografy[bewurkje seksje | edit source]

  • 1939 - Baud en Thorbecke 1847-1851 (dissertaasje)[1]
  • 1952 - De eilanden (ferhalebondel)
  • 1953 - De bomen (roman)
  • 1962 - Namen noemen. Zo maar wat ongewone en openhartige herinneringen aan het leven in een verloren paradijs, dat Nederlands-Indië heette 1939-1947 (memoires). Fan 1992 ôf (3e pr.) by útj. v. Oorschot útgebrocht as "In en uit het paradijs getild".
  • 1963 - Wilhelmina, Koningin der Nederlanden. Vorstin in oorlog en vrede (essee)
  • 1963 - De Franse slag. Zo maar wat ongewone en openhartige herinneringen van een Nederlander in Franse Staatsdienst, 1937-1939 (memoires) (Ek ferskynd as: Aan Frankrijk uitgeleverd, 1975. Tredde printinge ferskynd as: Aan Frankrijk uitgeleend, 1995)
  • 1964 - Koning Willem III (essee)
  • 1964 - Koning Willem II (essee)
  • 1965 - Johan Rudolf Thorbecke (essee)
  • 1966 - In de tijd gezet" (Betinkboek, útjûn by it 100-jierrich bestean fan de Algemene Nederlandse Grafische Bond) (essee)
  • 1966 - Nederland tussen verleden en toekomst (essee, fotoboek; mei Cas Oorthuys)
  • 1967 - Laten we vrede sluiten. De merkwaardige voorgeschiedenis van de Vrede van Breda (essee)
  • 1968 - Het einde van een verhouding. Indonesië en Nederland tussen 1945-1963 (essee)
  • 1968 - Een eeuw in beweging (essee, fotoboek; mei H. Barvelink; by it 100-jierrich bestean fan de Koninklijke Machine-fabriek Stork N.V. Hengelo)
  • 1970 - Semper mare navigandum. De zee moet steeds bevaren worden (essee, fotoboek; by 100-jierrich bestean fan de N.V. Stoombootmaatschappij Nederland, Amsterdam)
  • 1970 - Twee landen. Japan en Nederland (essay, fotoboek; allinne ferskynd yn it Japansk ûnder de titel Futatsu no kuni : Nihon to Oranda)
  • 1972 - De Plantage als sieraad aan de Amstel (essee, fotoboek)
  • 1972 - De huzaren van Castricum. Een geschiedenis van de Nederlandse Republiek van 1780 tot 1800 (essee)
  • 1973 - Leven op de rand. Uit de geschiedenis van Apeldoorn (essee)
  • 1974 - De vergaderzaal (roman)
  • 1975 - De Hollanders komen ons vermoorden, de scheiding tussen Noord- en Zuid- Nederland 1585-1648 (essee)
  • 1975 - Haast hebben in september (ferhalebondel)
  • 1976 - Een koning die geen nee wil horen. De Europese ambities van Lodewijk XIV 1638-1715 (essee)
  • 1976 - Een camera vol stilte. Nederland in het begin van de fotografie 1839-1875 (essee,fotoboek; mei Jan Coppens)
  • 1979 - Per mailboot naar de Oost. Reizen met de Lloyd en de Nederlanden tussen 1920-1940 (essee)
  • 1979 - De honden jagen niet meer (roman)
  • 1980 - Apologie of Verantwoording van de prins van Oranje 1581, gevolgd door een Plakkaat van Verlating 1581 met enige begeleidende correspondentie (essee; mei J.E. Verlaan)
  • 1981 - Maar geel en glanzend blijft het goud (roman)
  • 1982 - Het zand voor de kust van Aveiro (roman)
  • 1983 - De Utrechtse herinneringen van A. Alberts (memoires)
  • 1984 - De zilveren kogel (roman)
  • 1986 - Inleiding tot de kennis van de ambtenaar (essee, memoires)
  • 1987 - Een venster op het buitenhof (roman)
  • 1989 - Een kolonie is ook maar een mens (essee, memoires)
  • 1990 - Het zoveelste Reich (essee)
  • 1991 - De vrouw met de parasol (novelle)
  • 1992 - Libretto voor een gewezen koningin. Een keuze uit eigen werk (ferhalebondel, roman)
  • 1992 - Twee jaargetijden minder (boekewike-essay, memoires)
  • 2005 - Verzameld Werk (Diel 1: Romans en ferhalen; Diel 2: Histoaryske fertellingen en ferspraat wurk; Diel 3: Memoires en beskôgingen, wurdlist, ferantwurding en bibliografy)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. online ferzje