Albaneesk-Otterdokse Tsjerke

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Albaneesk-Otterdokse Tsjerke
offisjele namme: Kisha Ortodokse Autoqefale e Shqipërisë
Autosefale Otterdokse Tsjerke fan Albaanje
jier f. stifting: ±60 n.Kr.
jier f. ûnôfhinkl.: 1922 fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel
erkenning: 1937 troch it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel
titel f.d. primaat: aartsbiskop fan Albaanje
sit f.d. primaat: Tirana (Albaanje)
liturgyske taal: Albaneesk
Hellenistysk Gryksk
ledetal: 500.000[1]
700.000 (eigen sifers)

De Albaneesk-Otterdokse Tsjerke, of eins de Otterdokse Autosefale Tsjerke fan Albaanje (Albaneesk: Kisha Ortodokse Autoqefale e Shqipërisë) is in autosefale (selsbestjoerende) kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't yn kommuny ferkeart mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken en ûnder it bewâld stiet fan 'e aartsbiskop fan Albaanje, dy't residearret yn 'e Albaneeske haadstêd Tirana. It is ien fan 'e jongste eastersk-otterdokse tsjerken, wêrfan't it selsbestjoer pas yn 1937 erkend waard. Hoewol't de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke it nominale gesach fan 'e patriarch fan Konstantinopel erkent, hat dy yn 'e praktyk yn Albaanje neat yn 'e molke te krommeljen. De tsjerke brûkt it Albaneesk en it Hellenistysk Gryksk, de taal fan it Nije Testamint, as tsjerketaal (ôfhinklik fan 'e etnyske gearstalling fan 'e oangeande gemeente), en hat likernôch in heal miljoen leden.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

It kristendom yn Albaanje giet neffens de leginde werom op 'e apostel Paulus, dy't yn 'e twadde helte fan 'e earste ieu it evangeelje útdroegen hawwe soe yn 'e Romeinske provinsje Illyrje (dy't grutte parten fan Albaanje en fan it eardere Joegoslaavje omfette), en sels in besyk brocht hawwe soe oan 'e Albaneeske havenstêd Durrës. Albaanje kaam op tsjerklik mêd bestjoerlik ûnder it aartsbisdom fan Ohrid (yn it tsjinstwurdige Masedoanje) te fallen, in sitewaasje dy't ek fuortduorre nei't de Gryksk-Otterdokse Tsjerke him by it Grutte Skisma fan 1054 fan 'e Westerske Tsjerke losmakke hie.

Nei de ferovering fan Albaanje troch de Osmaanske Turken, yn 'e fyftjinde ieu, fûn der in stadige bekearing plak fan in grut diel fan 'e etnysk Albaneeske befolking ta de islaam. Tsjin 'e njoggentjinde ieu bestie in romme mearderheid fan 'e ynwenners fan Albaanje, benammen yn it sintrale leechlân, út moslims, mei in wichtige Gryksk-otterdokse minderheid yn it suden en in lytse mar machtige roomske minderheid yn 'e noardlike heechlannen. Foar in protte lju sil de bekearing ta de islaam trouwens foar 't neist mear te krijen hân hawwe mei de hegere belestings en de tsjinstplicht dy't net-moslims oplein waard, as mei oprjochte leauwensoertsjûgings. Hoewol't de etnysk Albaneeske kristenen foàr de ferovering troch de Turken tsjerketsjinsten yn harren eigen taal hân hiene, waard de Albaneeske tsjerke yn it gebiet besuden de rivier de Drin yn 'e Osmaanske tiid yntegrearre yn it Patriargaat fan Konstantinopel, dat alle religieuze tsjinsten, ûnderrjocht en kulturele aktiviteiten yn it Gryksk hold. Noardlik fan 'e Drin hie de Servysk-Otterdokse Tsjerke it foar it sizzen, en waard it Aldtsjerkeslavysk as tsjerketaal brûkt. Ek dizze ûntwikkeling, dy't sûnder mis ta ferfrjemding fan 'e etnyske Albanezen fan 'e tsjerke late, sil meispile hawwe by de massale bekearing ta de islaam.

In Albaneesk-otterdokse tsjerke yn 'e stêd Pogradec.

Op 18 maart 1908 fûn it saneamde Hudsonynsidint plak, wêrby't Kristaq Dishnica, in jonge Albaneeske nasjonalist dy't om utens yn 'e Feriene Steaten libbe, troch de Gryksk-Otterdokse Tsjerke dêre fanwegen syn stribjen nei in ûnôfhinklik Albaanje ekskommunisearre waard (om't de etnyske Griken doedestiden it grutste part fan Albaanje as in takomstich ûnderdiel fan Grikelân beskôgen). Troch dit foarfal begûnen de Albaneeske kristenen te beseffen dat se in eigen nasjonale tsjerke brek wiene. As reäksje liet de histoarikus en Shakespeare-oersetter Fan Noli, dy't letter minister-presidint fan Albaanje wurde soe, him troch in Russysk-Amerikaansk biskop ûnder twifelige omstannichheden ta preester wije. Noli wie de earste preester dy't foargie yn it Albaneesk, al begûn syn tsjerke binnen de tsjerke al hiel gau sterk te groeien.

Koart neidat yn 1912 de Albaneeske ûnôfhinklikens útroppen wie, reizge Noli nei syn heitelân ta, dêr't er himsels ta biskop wije liet. Op 17 septimber 1922, ûnder syn earste synoade, ferklearre de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke himsels autosefaal (selsbestjoerend). Dy selsstannigens waard lykwols pas yn 1937 erkend troch de memmetsjerke, it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel. Under de faksistyske Italjaanske besetting, yn 'e Twadde Wrâldoarloch, hie de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke slim te lijen, en ûnder it kommunistyske rezjym fan Enver Hoxha, dat nei de oarloch yn Albaanje oan 'e macht kaam, wie it mar kwealk better. Yn 1967 ferklearren Hoxha-en-dy Albaanje ta in ateïstyske steat, en waard eltse utering fan leauwe ferbean. De tsjerke oerlibbe de jierren dêrnei yn ballingskip, ûnder de Albaneeske diaspoara yn Noard-Amearika en Austraalje. Nei de fal fan it kommunisme, yn 1991, makke de tsjerke in weroplibbing troch, wêrby't it tal leden sterk tanaam, mear as 250 tsjerken restaurearre of werboud waarden en likernôch hûndert preesters wijd waarden.

Oanhing[bewurkje seksje | edit source]

De oanhing fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke bestiet út likernôch in heal miljoen leden, al leit dat sifer neffens eigen sizzen heger, omtrint de 700.000 leauwenden. Dit is in gefoelige kwestje om't de Grykske minderheid yn Albaanje frijwol hielendal ta de oanhing fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke heart, en it Albaneeske regear dy sa lyts mooglik lykje litte wol, wylst de leden fan dy minderheid der belang by hawwe om 'e grutte derfan te oerdriuwen. Yn elts gefal sille de leden fan 'e tsjerke ûngefear foar de helte út etnyske Griken bestean en foar de oare helte út etnyske Albanezen. Yn gemeenten dêr't de leden ta de minderheid hearre, mei it Gryksk as tsjerketaal brûkt wurde.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. McGuckin, John Anthony, The Orthodox Church: An Introduction to Its History, Doctrine, and Spiritual Culture, 2010 (John Wiley & Sons), ISBN 978-1 44 43 37 310, s. 72.

Boarnen
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.