Alaskamarmot

Ut Wikipedy
Alaskamarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota broweri
Hall & Gilmore, 1934
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Alaskamarmot (Latynske namme: Marmota broweri) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat yn syn fersprieding beheind is ta it Brooksberchtme yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Alaska en it noardwesten fan it Kanadeeske territoarium Yukon. It libbet dêr op berchskeanten fan tusken de 1.000 en 1.250 m hichte, dy't besteane út los pún, en fret benamme gers, blommen, beien, plantewoartels, moas, koarstmoas en út en troch ynsekten.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alaskamarmot hat trochinoar totale lichemslingte fan 54-65 sm en in gewicht fan 2½-4 kg. Wyfkes binne oere it generaal justjes lytser as mantsjes. By folwoeksen eksimplaren is de pels op 'e snút en de boppekant fan 'e kop ornaris dûnkerder as de rest fan it hier. De poaten kinne sawol ljocht as dûnker wêze, en binne koart en krêftich, mei lange, sterke klauwen om mei te graven. De earen binne lyts, de snút is stomp en sturt is sa tichtbehierre dat it hast wol in plomsturt liket. It netflues fan Alaskamarmotten hat hielendal gjin kegeltsjes, wat betsjut dat har nachtsicht tige min is.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alaskamarmotten binne tige sosjale bisten, dy't yn koloanjes fan soms wol 50 eksimplaren libje yn ien ûndergrûnsk hoalestelsel. Sokke koloanjes besteane út ferskate famyljegroepen fan in mantsje en in wyfke en harren jongen út ferskillende jierren, dy't byinoar yn ien nesthoale wenje. Yn 'e gruttere koloanjes bestiet faak in komplekse rûlaasje fan it ferfoljen fan wachtpostetsjinst; sokke wachtposten warskôgje de rest fan 'e koloanje mei hege fluittoanen as der gefaar driget. De hoalen grave se yn 'e regel ûnder rotsblokken om foar te kommen dat grizzlybearen har útgrave kinne.

Alaskamarmotten hâlde in lange wintersliep, dy't fan septimber oant maaie duorret. Dêrby lizze famyljegroepen tsjininoar oan om har lichemswaarmte te dielen en sadwaande enerzjy te besparjen. Koart nei de ein fan 'e wintersliep begjint de peartiid, wêrby't de wyfkes nei in draachtiid fan likernôch 6 wiken in nêst fan 3-8 (mar ornaris 4-5) jongen smite. Oars as by in protte iikhoarntsjesoarten is it mantsje fan 'e Alaskamarmot belutsen by it grutbringen fan 'e jongen. Dy wurde keal en blyn berne en krije pas mei 6 wiken in pels. Se bliuwe teminsten ien jier by har âlden, en binne pas mei twa jier folgroeid. Geslachtsripens berikke se pas mei 2-3 jier. It is net persiis bekend hoe âld oft Alaskamarmotten wurde kinne, mar men tinkt fan sa'n 13-15 jier.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alaskamarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", hoewol't it tige dreech is om dizze soarte yn natuerlike biotoop te observearjen, sawol fanwegen de ôfhandige lokaasje as it strange klimaat. Dy lokaasje wurdt lykwols as in grut foardiel beskôge, mei't de minske de Alaskamarmot sadwaande oant no ta grutdiels gewurde litten hat. Inkeld de lânseigen Inûyt-befolking fan it gebiet makket tradisjoneel jacht op 'e bisten, mar de ynfloed dêrfan op 'e totale populaasje wurdt lyts oant ferwaarleazgber achte. Krektoarsom, de Alaskamarmot wurdt beskôge as de minst bedrige marmottesoarte fan allegear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.