Akwadukt Mid-Fryslân

Ut Wikipedy
Akwadukt Mid-Fryslan mei dêrnjonken de spoarbrêge

It Akwadukt Mid-Fryslân is in akwadukt yn it Prinses Margrietkanaal by Grou. It akwadukt waard op 10 maart 1993 offisjeel iepensteld foar ferkear op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert troch de minister fan Ferkear en Wettersteat frou Hanja Maij-Weggen.

Troch de komst fan dit akwadukt yn de nije autosnelwei waard de brêge oer it Prinses Margrietkanaal yn de âlde Rykswei 32, lizzend tusken it akwadukt en de spoarbrêge sloopt. Op de fundearring fan de âlde brêge waard doe in nije spoarbrêge boud.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]