Aksje Sulverdin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Aksje Sulverdin (Silbertanne Aktion) wie in searje moardoanslaggen dy't troch Nederlânske SS'ers en Nederlânske Eastfrontfeteranen dien waarden tusken septimber 1943 en septimber 1944. Yn ien jier waarden mear as fyftich anty-Dútske Nederlanners ferwûne of fermoarde. Guon Nederlânske oarlochsmisdiedigers dy't hjir oan meidiene binne: Heinrich Boere, Maarten Kuiper, Sander Borgers, Klaas Carel Faber, syn broer Pieter Johan Faber, Daniel Bernard en Lambertus van Gog.

It moardzjen begûn yn Meppel en Staphorst yn it neijier fan 1943. De slachtoffers wiene persoanen dêr't bekend fan wie dat hja foar Oranje wienen, Deutschfeindlich wienen. Sûnder watfoar foarm fan proses ek waarden sy deasketten foar harren wente of gewoan by de dyk.

De aksjes jilden as represaillemaatregel foar oanslaggen op fral Nederlânske kollaborateurs, en waarden goedkard troch ferskate Dútske offisieren. De eksekúsjes barden troch spesjaal foarme moardkommando's fan de Waffen-SS en letter allinnich noch troch it beruchte Sonderkommando Feldmeijer.

Anton Mussert, lieder fan de NSB wie tsjin dizze moardkommando's. Doe't SS-Brigadeführer Eberhard Schöngarth fan dizze gewelddieden hearde, makke hy der yn septimber 1944 in ein oan. Hanns Albin Rauter is mei foar dizze aksjes feroardiele ta de dea.

Ien fan de bekendste slachtoffers fan de Silbertanne moarden is de skriuwer A.M. de Jong en yn Fryslân is master Lok fan Ravenswâld in bekend slachtoffer fan de Sulverdinmoarden.

De Sulverdin-list[bewurkje seksje | edit source]

In list fan slachtoffers, foar safier dy bekend binne, fan it geheime projekt Sulverdin is yn 2010 publisearre yn it deiblêd Trouw. Op dizze list steane de nammen fan 47 likwidearre Nederlanners. Fiif persoanen rekken ferwûne, mar oerlibben. By de lêste twa persoanen is it net wis at it om Silbertanne-moarden gong.

  • 28 septimber 1943: Jan Dijkstra, garaazjehâlder yn Meppel; dr. Engbertus Johannes Roelfsema, sjirurch sikehûs Meppel; Arend Boldewijn, skoalhaad yn Staphorst.
  • 16 oktober 1943: Louis Dobbelmann, hynstekeapman yn Apeldoorn.
  • 18 oktober 1943: A. M. de Jong, skriuwer yn Blaricum.
  • 28 oktober 1943: dr. Jan Boes, sikehûsdirekteur yn Wageningen.
  • 2 novimber 1943: Gerrit Pieter Beukema, amtner yn Gruttegast.
  • 8 desimber 1943: Leendert Bastiaan Verdoorn, amtner yn Heemstede.
  • 31 desimber 1943: Leo Bohemen, fertsjintwurdiger yn Grins; Johannes Swint, fersekeringsagint yn Grins; Pieter van Dooren, direkteur ambachtskoalle yn Grins; Dirk Bos, stasjonsjef yn Onnen; Bront Bossinga, direkteur sparbank yn Grins; Freerk Zigterman, eigner meubelsaak yn Grins.
  • 4 jannewaris 1944: dr. Christiaan de Jong, learaar wiskunde yn Leien; Henri Herman Flu, hûsdokter yn Leiden; Harmen Douma, haad Leienske skoalferiening.
  • 13 jannewaris 1944: Johan Houtman, arbeider yn Soest; Wim van Goor, direkteur gemeentewurken yn Soest.
  • 14 jannewaris 1944: Klaas Brons yn Soest; Jan Schalkx, plysje-amtner yn Soest; Andries Koehof, metaalbewurker yn Soest.
  • 24 jannewaris 1944: Johannes Amerika, haad legere skoalle yn Grins.
  • 9 april 1944: dr. Laurens Johannes Büller, sjirurch yn Beverwyk; B. W. Paauw, direkteur arbeidsburo yn Beverwyk, rekker ferwûne, mar oerlibbe.
  • 24 april 1944: Riekus Pot, lieder distribusjekantoar yn Stedum en Pot Sr., heit fan Riekus, beide ferwûne, mar oerlibben.
  • 25 april 1944: Hendrik Heijs, haad legere skoalle yn Middelstum; Cornelis C. G. Bos, bakkersfeint yn Zuidwolde; Jan K. Dwarshuis, bakker yn Zuidwolde; Jan Reinder Visser yn Zuidwolde; Klaas Havinga, slachter yn Zuidwolde.
  • 30 juny 1944: Albert Marten Rinkema, feehâlder yn Rottum.
  • 6 july 1944: dr. Josua Bromet, learaar yn Arnhim.
  • 12 july 1944: Cornelis Robertus, direkteur transportbedriuw tn Grins; Hendrikus Hazelhorst yn Grins.
  • 13 july 1944: Hendrik Top yn Gruttegast; Kornelis van der Meulen yn Gruttegast.
  • 19 july 1944: mr. A. R. P. Mees, heareboer yn Apeldoorn.
  • 4 augustus 1944: Dirk Ubbels yn Beemster.
  • 15 augustus 1944: P. J. C. Smulders, boargemaster fan Someren; Willem J. M. Wijnen, boargemaster fan Asten; Frans Eijsbouts, tekstylfabrikant yn Someren, ferwûne, mar helle it.
  • 30 augustus 1944: Fulps Vincentinus Valstar yn Rotterdam.
  • 3 septimber 1944: Bertus van Aken yn Voorschoten, rekke swier ferwûne, mar helle it; Teunis de Groot, fytshanneler yn Voorschoten; Frans Willem Kusters, kantoarbetsjinner yn Wassenaar. De moardner fan T. de Groot en F.W. Kusters, Heinrich Boere is op 23 maart 2010 feroardield ta libbenslange finzenisstraf.
  • 11 septimber 1944: Th. J. Eskens, advokaat yn Amsterdam (net wis); Gerrit den Hertog, wachtmeester ryksplysje yn Coevorden (net wis).[1]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Trouw 12 novimber 2009. Frank Meijerink en Herman Soepenberg hawwe de list opmakke nei literatuerûndersyk