Aksel Waldemar Johannessen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Selsportret, oaljeferve op doek, ± 1910

Aksel Waldemar Johannesen (* 1880 yn Oslo; † 25 oktober 1922 dêre) wie in noarske grafikus, byldhouwer en keunstskilder fan it ekspresjonisme.

Aksel Waldemar Johannesen waard grutbrocht yn in earme wenwyk fan Hammersborg, in diel fan Oslo. Hy folge in keunstoplieding by Lars Utne ta byldhouwer. Yn 1907 troude Johannesen mei Anna Nilsen; sy krigen twa dochters. Yn 1910 ferfarden sy nei Gjøvik, dêr't Johannesen oan't wurk gie as houtfyker en meubelûntwerper. Dêrnei gie er mei syn hûshâlding werom nei Oslo en sette er útein mei it skilderjen. Hy makke realistyske en sosjaal-krityske keunst. Yn 1921 waard er by syn frou kanker fêststeld en Aksel Waldemar rekke hoe langer hoe mear oan de alkohol, dêr't syn sûnens net better fan waard. Aksel Waldemar Johannessen stoar oan de gefolgen fan longûntstekking.

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen