Airspeed Oxford
Ut Wikipedy
De Airspeed AS.10 Oxford wie in twamotorige treningsfleanmasine. It tastel waard brûkt troch bemanningen (dy't har Ox-Box neamden) út it Britske Mienebest foar it oefenjen yn navigaasje, radiotelegrafy, bombardearjen en sjitten mei boardgeskut yn de Twadde Wrâldkriich.
Ek de Nederlânske loftmacht en marineloftfearttsjinst hawwe se yn gebrûk west.
De earste flecht fan it type wie op 19 juny 1937. Der binne 8586 fan makke; 4411 troch Airspeed yn it fabryk in Portsmouth, en 4175 yn oare fabryken.
Spesifikaasjes[bewurkje seksje]
| Airspeed AS 10 | |
| Feiten | |
|---|---|
| Lingte | 10,83 m |
| Hichte | 4,79 m |
| Spanwiidte | 12,81 m |
| Wjukoerflak | 32,4 m² |
| Motor | twa Armstrong-Siddeley Cheetah X fan 260 kW (355 hk) it stik |
| Heechste faasje | 292 km/h |
| Tsjinstplafond | 5.830 m |
| Fleanberik | 880 km |
| Bemanning | 2-3 |
| Gewicht leech | |
| maks. startgewicht | 3.450 kg |