Ahnenerbe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Byldmerk van Ahnenerbe

De Forschungsgemeinschaft Deutsches Ahnenerbe e.V. ('Undersyksferiening Dútsk âldfaarserfguod') wie in nasjonaalsosjalistysk ûndersyksynstitút, dat as foarnaamste taak hie om wittenskiplike bewizen te finen foar de komôf en superieurens fan it saneamde aryske ras.

De ynstelling waard yn 1935 troch Heinrich Himmler (lieder fan de SS), Richard Walther Darré (Ryksboerelieder en direkteur fan it Ras- en Lânbouhaadkantoar) en de Nederlânske amtleaze gelearde Herman Wirth as Studiengesellschaft für Geistesurgeschichte (stúdzjegenoatskip foar de oerskiednis fan de geast) oprjochte.

Op de foargrûn stie yn't earstoan argeologysk, antropologysk en histoarysk ûndersyk , fral oer Hindrik de Fûgelder (919-936) en de 10e ieu dêr't hast gjin skreaune boarnen fan binne. Al gau brûkte Himmler, dy't in protte niget oan okkulte ûnderwerpen hie, Ahnenerbe as ûndersyksapparaat foar eigen sabeare-wittenskiplike projekten. Sa waarden bygelyks ek ekspedysjes organisearre nei lannen oer de hiele wrâld, mei de bedoeling it bewiis te leverjen dat prehistoaryske en mytologyske Noardske folken ea de wrâld bestjoerd hiene.

It Institut für Wehrwissenschaftliche Zweckforschung ('Ynstitút foar Militêrwittenskiplik Undersyk'), dat wiidweidige medyske proeven op minsken útfierde, kaam yn de Twadde Wrâldkriich ek ûnder Ahnenerbe te fallen. It waard laat fan Wolfram Sievers. Himmler hie Sievers hjitten om dizze organisaasje op te setten; hy waard direkteur fan twa divyzjes dy't laat waarden troch Sigmund Rascher en August Hirt en troch de Waffen-SS betelle waarden.

Yn Nederlân wie Stichting Saxo-Frisia in regionale ôfdieling fan de yn septimber 1940 oprjochte Volksche Werkgemeenschap, dy't wer hearde ta de organisaasje Ahnenerbe.

Dat Ahnenerbe wie de namme fan in oerkoepeljend orgaan ûnder waans paraplu tige útinoar rinnende organisaasjes, dy't hjir net allegear neamd binne, warber wienen.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Michael H. Kater: Das "Ahnenerbe" der SS 1935 - 1945. Ein Beitrag zur Kulturpolitik des Dritten Reiches. 4. Auflage. Oldenbourg, München 2006, ISBN 978-3-486-57950-5, (Studien zur Zeitgeschichte 6), (Teilw. zugl.: Heidelberg. Univ., Diss., 1966), online.