Agiou Pavlou-kleaster
Agiou Pavlou Αγίου Παύλου | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
koördinaten | 40° 09' N 24° 17' E | |
Kleastergegevens | ||
oprjochting | foar 1035 | |
patroanhillige | Presintaasje fan Jezus yn de Timpel | |
Kaart | ||
It Agiou Pavlou-kleaster (Gryksk: Μονή Αγίου Παύλου; Sint-Pauluskleaster) is in eastersk-otterdoksk kleaster op 'e súdwestlike helling fan 'e berch Atos yn Grikelân. It kleaster leit likernôch oardel km fan 'e kust op in hichte fan 150 m boppe seenivo en in heal oere te gean fan it Dionysiou-kleaster. It Pauluskleaster is fjirtjinde yn rang fan 'e kleasters op it skiereilân en de katolikon is oan 'e Presintaasje fan Jezus yn de Timpel wijd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifting fan it kleaster fûn tusken it lêste fan 'e 10e en it begjin fan 'e 11e iuw plak troch Paulus fan Kseropotamou, dy't ek it kleaster mei deselde namme op it skiereilân stifte. Nei de stifting fan it kleaster wiene der twa kleasters op Atos mei deselde namme. Sûnt 1108 krige it kleaster de hjoeddeiske namme.
It kleaster rekke yn ferfal en tusken 1355 en 1365 kocht de Servyske ealman Antonije Bagaš tegearre mei Nikola Radonja it kompleks. Hja restaurearren it kleaster mei stipe fan Radonja's bruorren Vuk Branković en Grgur Branković en Antonije Bagaš waard de earste abt fan it nije kleaster. Dêrmei begûn de Servyske perioade yn 'e skiednis fan it kleaster. Lang gyng it kleaster in tiid fan wolstân yn 'e mjitte en mannich foarst út it Donau-gebiet droech rynsk oan 'e rykdom fan it kleaster by, mar troch de wrede belestings fan 'e Ottomaanske besetter folge yn 'e 18e iuw in tiid fan delgong.[1]
Mei't de sitewaasje oan it begjin fan 'e 19e iuw ferbettere koe it kleaster de skulden wer ôfbetelje. Tusken 1839 en 1844 waard in nije katolikon boud. De katolikon hat in ikonostaze fan moarmer.
By it kleaster hearre tolve kapellen. De kapel fan Sint-Joaris is de âldste en fersierd mei fresko's út 1555.[2] De bibleteek fan it kleaster bestiet út 494 manuskripen en mear as 12.000 boeken. Wichtige reliken út it kleaster binne de geskinken fan 'e Trije Wizen, de foet fan Gregoarius de Teolooch, in stikje fan it Wiere Krús, liturgysk reau en religieus tekstyl.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Agiou Pavlou monastery
|