Afro-Aziatyske woastynsliepmûs

Ut Wikipedy
Afro-Aziatyske woastynsliepmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje sliepmûzen (Gliridae)
skaai ikelmûzen (Eliomys)
soarte
Eliomys melanurus
Wagner, 1839
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Afro-Aziatyske woastynsliepmûs (Latynske namme: Eliomys melanurus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e sliepmûzen (Gliridae) en it skaai fan 'e ikelmûzen (Eliomys), dat ek wol fan woastynsliepmûs neamd wurdt. Dit bist moat lykwols net betize wurde mei de Sintraalaziatyske woastynsliepmûs (Selevinia betpakdalaensis), dat in hiel oare soarte is, mar dy't ek wol koartwei woastynsliepmûs neamd wurdt. De Afro-Aziatyske woastynsliepmûs waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1839, troch de Dútske soölooch Johann Andreas Wagner.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afro-Aziatyske woastynsliepmûs hat in fersnipele fersprieding dy't in grut part fan it Midden-Easten omfettet. De grutste populaasjes libje yn Syrenaika (it noardeasten fan Lybje), op it Sinaï-skiereilân (yn noardeastlik Egypte) en de Israelyske Negev-woastyn, en yn 'e Syryske Levant. Lytsere populaasjes komme foar yn noardwestlik Egypte, eastlik Turkije, noardlik Syrje, sintraal Irak, noardlik Libanon, noardlik en westlik Jordaanje, noardwestlik Saûdy-Araabje en noardlik Jemen.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It natuerlike biotoop fan Afro-Aziatyske woastynsliepmûzen is wâldlân mei in tuskenbeiden klimaat. Se komme ek wol foar yn drûch subtropysk oant tropysk gebiet dat begroeid is mei strewelleguod, en yn rotsige kontreien.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Afro-Aziatyske woastynsliepmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.