Afrikaner kij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Afrikaner

Afrikaner kij (Afrikaansk: Afrikanerbees) is in lânseigen koweras út Súd-Afrika.

Fan oarsprong is de Afrikaner ko in Bos taurus indicus; it ras is faaks troch de Khoikhoi (Hottentotten) de westkust fan Afrika by del nei it suden brocht. It Europeeske koweras (Bos taurus) hat gjin ynfloed útoefene op de ûntjouwing fan de Afrikaner kij. Al foardat Jan van Riebeeck yn 1652 yn de Kaapkoloanje foet oan wâl sette bestie dêr in stabyl Afrikaansk kobisteras. De earste Europeeske kowerassen waarden dêr earst yn 1706 hinne helle.

It ras hat him stadichoan oanpast oan feroarjende omstannichheden sa as it optsjenjen fan woastinige gebieten en it Afrikaanske tropyske en subtropysk klimaat. De earste Afrikaner kij fan de kolonisten fan de Kaapkoloanje (de Boeren) kaam fan de Khoikhoi. It ras waard suver holden troch boeren yn ôfhandich lizzende plakken yn it binnenlân, sa as Graaff-Reinet, Cradock en Tarkastêd.

Gebrûk[bewurkje seksje | edit source]

De Khoikhoi en de Boeren brûkten de Afrikaners as fleis- en molkko. De boeren ferbetteren it ras sa dat sy ek gaadlike lûkdieren waarden. It wienen Afrikaner oksen dy't de weinen lutsen fan de Voortrekkers op de Grutte Trek.

Afrikaners binne krusd mei oare rassen dy't yn de Tropen hâlden wurde fanwege harren fruchtberens, guodlikheid en fermogen om fleis oan te setten.