Adultex Award

Ut Wikipedy
Adultex Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Australysk
útrikt foar seksprodukten
útrikt troch Adultex-erotykfakbeurs
frekwinsje 1x jiers
plak Gold Coast (Queenslân)
offisjele webside
www.adultex.com.au

De Adultex Awards binne in groep Australyske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste seksprodukten, wêrûnder pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt op 'e Adultex-erotykfakbeurs yn de Gold Coast, in baaiplak oan 'e súdeastlike kust fan 'e Australyske provinsje Queenslân, 94 km besuden de provinsjale haadstêd Brisbane. Neffens de eigen webside is Adultex "de grutste gearkomste fan produsinten en ferkeapers út 'e pornoyndustry op it súdlik healrûn". Yn 2012 wûn bgl. de Amerikaanske pornoaktrise Jesse Jane in Adultex Award.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: