Adema

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Adema is de namme fan in helpboekko fan feefokker Simen Knol fan Hartwert, dy't oan de basis stiet fan de letter wrâldferneamde fokstâl, wêryn rangnûmers begrippen waarden. Sa binne hast alle swartbûnte bollen en kij, wêr ek op de wrâld, besibbe oan Adema 197. Dizze bolle waard yn 1940 - 1941 preferint ferklearre.

Oant 1974 kamen trettjin bollen út de stâl-Knol, nei de dea fan S.A. Knol fuortsetten troch syn soannen Durk en Klaas, yn oanmerking foar in brevet fan preferintskip. Fan dizze preferinte stamheiten kamen njoggen út de adema-famylje. Yn 1974 ferovere Adema 729 it preferintskip twadde klasse yn it NRS-gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: